FFU: It moat oars, sil it mei Frysk op skoalle noch wat wurde!
Resint ferskynd
Nei oanlieding fan de Tuskenrapportaazje BFTK (sjoch Mear omtinken foar it Frysk | It Nijs), dêr’t yn konstatearre wurdt dat it mei it Taalplan Frysk fan de provinsje Fryslân net neffens de ferwachting giet, hawwe foarsitter en skriuwer fan de Feriening Frysk Underwiis oer dat Taalplan in ûnderwiiskundige analyze skreaun. Ien fan harren giet dêr hjirûnder op yn. It besprek sels is taheakke.
Skôging trochTom Dykstra
It falt op as in bestjoerder – yn dit gefal deputearre Poepjes – it eigen ûnderwiisbelied as net-effektyf kwalifisearret. Yn de Tuskenrapportaazje oer de stân fan saken mei de fuortgong fan de doelen yn de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK) 2019-2023 wurdt û.o. konstatearre dat der noch gjin sprake is fan in groei fan trijetalige skoallen. Yn in fraachpetear fan it Friesch Dagblad fan 4 july 2022 oer dy Tuskenrapportaazje die de deputearre dêr de fiergeande útspraak oer: “Skoallen blieken net de ambysje te hawwen om fierder te groeien nei in heger nivo.” Fiergeand, want sawol de Bestjoersôfspraak 2019-2023 as it Taalplan Frysk 2030 binne beliedsmjittich basearre op ambysje fan skoallen en personiel. Yn de Bestjoersôfspraak wurdt de ferwachting útsprutsen dat yn 2030 alle skoallen oan de kearndoelen Frysk foldogge. Taakstellende stappen yn de perioade fan tsien jier dêroan foarôf siket men om ’e nocht. Mei it dwaan fan in moreel appèl op skoallen en it bieden fan fasiliteiten tinkt de oerheid syn ferantwurdlikheid foar it ûnderwiis yn it Frysk wier te meitsjen.
Hoewol’t skoallen yn Fryslân in emansipearjende taak hawwe – bern tariede op de fanselssprekkende behearsking fan de libbene twadde rykstaal – wol dat noch net sizze dat de mearderheid fan de skoallen dat ek sa fynt. Skoallen passe harren ideologyske en pedagogyske útgongspunten graach oan by dominante krêften yn de maatskippij as dat harren better útkomt.
Boppedat wurdt de kwaliteit fan it (basis)ûnderwiis yn Fryslân ôfmetten oan de (iensidige) taalnoarmen foar it Hollânsk. De kwaliteit fan it ûnderwiis yn it Frysk docht der net ta en de ynspeksje hat dêr gjin opdracht foar. Wêrom soenen learkrêften dan it Frysk behearskje moatte? De skoallen hawwe fan de wetjouwer it foech krigen om sels te bepalen yn hoefier oft hja de ferplichting Frysk yn it skoaloanbod akseptabel fine (in unike en ûndemokratyske draachflakkonstruksje). De deputearre hat it yn sa’n situaasje dan ek dreech om de doelstelling te realisearjen, dat alle skoallen yn 2030 oan de kearndoelen Frysk foldogge.
It oerheidsbelied hat sa in twaslachtich karakter. Oan de iene kant dierbere wurden oer wearde en belang fan meartalich ûnderwiis mei in ‘substansjeel plak’ (Hânfêst) foar it Frysk, mar yn it belied wurdt wurke mei ‘spegeltsjes en kraaltsjes’ (fasiliteiten fan Taalplan Frysk 2030). Op himsels is der neat mis mei it bygelyks ynsetten fan in ‘taalstiper’, mar der ûntbrekt in taakstellend stappeplan om yn 2030 ek werklik op alle skoallen yn alle groepen in trochgeande learline Frysk yn it skoaloanbod opnommen te hawwen.
Boppedat is it ek noch ûnwis wat it nivo wêze sil fan de nije generaasje kearndoelen Frysk. Sûnt de ynfiering fan kearndoelen hawwe eardere deputearren gehoar jûn oan it ferset fan skoallen troch mei te gean yn it tinken, dat skoallen te motivearjen wêze soenen troch it skrassen fan safolle mooglik oanbod. Sa kinne jo wol frede mei de duvel hâlde, mar it Rapport Taalplan Frysk 2018 en no ek wer de Tuskenrapportaazje BFTK jouwe de (wrede) realiteit oan: nei lange jierren fan ferplichte ûnderwiis yn it Frysk stiet it der noch altiten – op in tal geunstige útsûnderingen nei – min foar. Frysktalige bern ferbrekke harren hieltyd faker yn de omgong mei oarstalige bern. Sels bern út Frysktalige húshâldings geane soms hielendal op it Hollânsk oer as de dominânsje fan it Hollânsk yn de groep, op strjitte en skoalle te sterk is.
It sluten fan ‘lytse’ skoallen by te min learlingen is dan ek in negative faktor om de doelstellings fan BFTK 2019-2023 en Taalplan Frysk 2030 te realisearjen. Yn oerbliuwende skoallen, mei yn ferhâlding mear oarstalige bern, is it Frysk as fiertaal gauris minder fanselssprekkend, wylst soks foar in lykwichtige taalûntwikkeling fan grut belang is.
It is sa klear as in klûntsje dat de oerheid as hoeder fan goed ûnderwiis yn it Frysk syn ferantwurdlikens net ôfskowe kin op mear of minder ambysje fan de skoallen. It Consultatief Orgaan hat dat ek al dúdlik oanjûn by de plannen fan de kommisje Hoekstra (2010) foar in (ûndemokratyske) draachflakkonstruksje. Skoallen kinne dan sels bepale yn hoefier’t hja de ferplichting fan taalûnderwiis yn it Frysk winsklik fine en dêrmei it rjocht op ûnderwiis yn de taal ûndergrave.
Yn Besprek Taalplan Frysk wurdt in benammen ûnderwiiskundige analyze jûn fan it oerheidsbelied foar it ûnderwiis yn it Frysk. It sil oars moatte, wol der noch in takomst foar de Frysktalige mienskip wêze. It tal fan hûs út Fryskpraters is al ûnder de 50% sakke, mei troch de gefolgen fan migraasje, sûnder dat de taal yn eigen taalgebiet in lykweardich plak yn it ûnderwiis krige. No’t deputearre Poepjes ek ynsjocht dat it oerheidsbelied mei it Frysk yn it ûnderwiis sa op in mislearring útdraait, is der hoop op ferbettering. It Taalplan liket foldwaande te wêzen, mar dat is net sa. It brûken fan it Frysk nimt noch hieltiten ôf, sa’t wy yn it Besprek oanjouwe en yn 2030 moatte wy net wer konstatearje dat de skoallen gjin ambysje hawwe. Wolle jo witte hoe’t de foarke yn ’e stâle sit, dan is it lêzen fan it Besprek gjin lúkse.
De FFU soe der goed oan dwaan kinne, no ris de 198 metoaden fan geweldleaze akje fan Gene Sharp op de wurklist te setten en dêrnei begjinne te hanneljen. Der binne ek kursussen foar. As wy no ris mei in man/frou of tritich dêrhinne giene. https://wri-irg.org/en/resources/2008/gene-sharps-198-methods-nonviolent-action
Lykas wy wend binne fan Tom in hiele bêste analyse. Mar sokke krityske teksten skriuwt er al jierren – sûnder dat it wat opsmyt. Dat komt om’t elke politike opposysje yn de Steaten mist. Der is gjin helder Frysk polityk lûd dat de minsken berikt op it mêd fan Fryske taal, ûnderwiis, kultuer. De FNP moat net wer yn it kolleezje. De partij moat takom jier kieze foar de opposysje, sil it oait noch wat wurde mei it berikken fan ‘de minsken’ mei it boadskip dat it roer om moat.
Yn ’e simmer fan 2020 haw ik ris sjoen nei it omtinken oan Frysk taal/ûnderwiis/kultuer dat de FNP jout yn syn nijs-/parseberjochten (minus opinystikjes) op http://www.fnp.frl. Ik skreau op de Feartfisk: ‘Dan krije jo in idee fan de ûnderwerpen dêr’t dy partij graach, en de ûnderwerpen dêr’t dy partij minder graach mei assosjearre wurdt’.
De útkomst wie dat de FNP yn de perioade 1-1-2020 oantemei 28-6-2020 tritich berjochten ûnder it kopke ‘Nijs’ pleatst hie, dêr’t ien (1) fan oer Fryske taal/ûnderwiis/kultuer gie.
Deselde eksersysje ha ’k niis noch in kear dien, no oer de perioade 29-6-2020 oantemei 11 oktober 2020. De útkomst is dat de FNP yn dy perioade 124 nijs-/parseberjochten op syn site pleatst hat. Acht (8) dêrfan gean oer Fryske taal/ûnderwiis/kultuer. Dat is 6,5 prosint. Jo moatte sels mar ris neigean wêr’t de FNP wól graach omtinken oan jout.
oantemei 11 oktober 2022 fansels
De stifting Fryslan Funs hat in jildswylaksje under de namme: nije tiden, oare kneppels. Dat is om in rjochtsaak tsjin de Nederlanske steat te beteljen. De aksje duorret noch oant 16 Novimber.
[‘spegeltsjes en kraaltsjes’ (fasiliteiten fan Taalplan Frysk 2030)]
Miskien wurdt it tiid om alle jierren 5 skoallen dy’t de bern yn plak fan Fryske taal spegeltsjes en kraaltsjes (healoerke Omrop) jouwe, ris in kroadfol echte spegeltsjes en kraaltsjes te bringen. Boeren binne mei harren stront wol rûger dwaande.
En oars mar ris nei de ûnderwiisynspeksje mei sa’n kroadfol.