Feie Fonyk: Reptilen

oktober 20, 2022 16:01

Skôging

Boarne foto: Morguefile

Troch de Spaanske gryp stoaren yn 1918 yn Nederlân 38.000 minsken. Krekt hûndert jier letter telde de grutste grypgolf fan nei 1945 mei-inoar 9400 slachtoffers. Troch de Covidpandemy fan 2020-2021 ferlearen oant no sa’n 22.000 minsken it libben. Om in goed byld te krijen, moatte dy getallen ôfset wurde tsjin it ynwennertal fan 1918 en no. Omrekkene nei 100.000 ynwenners wie der yn 1918 in oerstjerte fan 575. By de grypweach fan 2018 wie dat 55 en by Covid 126. Ik helje dy sifers út it boek Een gezonde toekomst fan Jaap Goudsmit, dat as ûndertitel ‘Vijf lessen van corona’ hat. It boek kaam maaie fan dit jier út. Goudsmit is mikrobiolooch, hy wit dus wêr’t er it oer hat.

Ik wol my beheine ta de earste les dy’t Goudsmit jout. Dêr pleitet er foar it fak wittenskip op de basisskoalle en yn it fuortset ûnderwiis. Dat moat in apart fak wurde, dêr’t oarsaken en gefolgen útlein wurde en wat it ferskil is tusken feiten en mieningen. It giet der benammen om hoe’t nepnijs werom te kennen is.

Hy is net de iennige dy’t bot yn sit oer tsjintwurdige healwizen dy’t sûnder kunde of kennis of út kwea-aardigens dingen sizze of skriuwe dy’t gjin inkelde grûn fan wierheid hawwe. Susan Neiman, de Amerikaanske filosofe dy’t op 4 novimber yn Grins de jierlikse Van der Leeuwlêzing hâlde sil, skreau dêr yn 2017 in boek oer: Verzet en rede in tijden van nepnieuws. Se hie mei Donald Trump, dy’t doe krekt oan ’e macht wie, in grut tal foarbylden fan hoe’t it misgean kin.

Us Twadde Keamer wrakselet op dit stuit mei Thierry Baudet en syn ûnbegryplike útspraken oer ‘reptilen’, dy’t neffens him de wrâld regearje soene. Dy reptilen binne minsken dy’t efter de skermen de macht hawwe en nei wrâldhearskippij stribje. Hy jout ta dat it in komplotteory is, mar neffens him hawwe wy mei Poetin gelokkich ien dy’t ús rêde kin. It is it doel dat David Icke, in oare bekende komplottinker, op 6 novimber nei Amsterdam komt om te sprekken. Dy Brit hat deselde healwize ideeën as Baudet.

It is yn in demokrasy net maklik om mei sokke minsken om te gean. Salang’t der net ta geweld oproppen wurdt, kinne minsken in soad sizze. It gemeentebestjoer fan Amsterdam besiket Icke te kearen.

Wy wurde fan alle kanten bedrige en moatte ús beskermje tsjin wylde dieren, fijannen, firussen, baktearjes en skimmels. Dat slagget yn ús lân aardich, mar ús beskermje tsjin Baudet, dy’t dúdlik in slach fan ’e moalpûde hân hat, dat falt net ta. Foarman fan de ChristenUnie Gert-Jan Segers wie fan miening dat in ferstannich petear mei Baudet net mear mooglik is. Miskien dat bidden helpt. Hooplik hat ús Nederlânske kiezersfolk it ferstân net ferlern en stjert Forum voor Democratie in rêstige en wisse dea en hoege wy gjin reptilen op harren foarman los te litten om dy partij op te romjen.

oktober 20, 2022 16:01
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Eric oktober 20, 17:04

    Dat Baudet ûngelyk hat, wol net sizze dat de partijen dy’t de macht hawwe, gelyk hawwe. Klassike tinkflater.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.