Fee giet op stâl fanwege wolve-oanfallen

oktober 5, 2022 08:37

Yn ’e regio Midden- en Súdwest-Drinte hâlde in protte feehâlders no en nei alle gedachten ek it folgjende greideseizoen, it fee binnendoar út eangst foar wolve-oanfallen. Reden dêrfoar is dat sawol skiep, kij as hynders net mear feilich binne as se bûten rinne. In stikmannich wolven hat de ôfrûne moannen yn it gebiet tsientallen bisten fan sawol profesjonele feehâlders as hobbyboeren oanfallen.

Boarne: LTO Noard

Arend Steenbergen, lid regiobestjoer LTO Noard seit: “It lijen dat no by de bisten feroarsake wurdt, mar ek it effekt dat it op de feehâlders hat, is net te beskriuwen. Wy sjogge dat de polityk folhâldt yn it beskermjen fan de wolf, mar dat feehâlders no gjin oare kar hawwe as op te hâlden mei it hâlden fan benammen skiep of de bisten yn in tichte stâl te hâlden.” LTO Noard hat mei de Feriening fan skepere skieppekeppels Nederlân (VGSN) earder al in berop op de provinsjes Fryslân en Drinte dien om yn te gripen.

Steenbergen: “Wy sjogge dat njonken it bistelijen en de ekonomyske skea ek it feilichheidsgefoel fan boargers oantaast wurdt. Dat jildt foar boeren dy’t yn ’e skimer it fee út it lân helje foar it melken, mar foaral ek foar âlden dy’t harren bern net mear yn it tsjuster op ’e fyts nei it doarp gean litte. De wolf lit him folop sjen, oant tichtby huzen en pleatsen en is hielendal net skou. Minsken fiele har net noflik mear as der in wolf yn ’e buert is.”

De wolven yn Drinte falle hieltyd fee oan, fanwege it beheinde oanbod fan fretten yn ’e natuer. Der binne reeën, mar gjin harten en wylde bargen. Dêrom heart de wolf net yn dy gebieten thús. LTO Noard ropt de provinsjes en gemeenten op om te kiezen: óf in agrarysk kultuerlânskip mei wolven, dêr’t gjin fee mear bûten rint en minsken har net feilich fiele, óf in oanpak dy’t him op it behear fan de wolf rjochtet.

Ut statistiken fan BIJ12 docht bliken dat de wolven yn Drinte en yn it suden fan Fryslân yn 2022 flink húsholden. Oant 20 septimber binne 343 deade skiep en 14 kij registrearre. Fan de resinte oanfallen op fee yn dy opsomming wiist it skeabyld op de wolf, mar dêr is noch gjin dna-befêstiging fan. De praktyk is dat de wolf de bisten faker ferwûnet, sadat bisten ôfmakke wurde moatte. Dêrtroch is it werklike tal deade bisten noch heger.

oktober 5, 2022 08:37
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Piet Zeilstra oktober 5, 16:39

    De regearing moat sa stadichoan it heft yn hannen nimme en soargje dat der maatregels tsjin de wolven nommen wurde. It moat net sa wêze en komme dat it fee en de boeren dit allegear belije moatte.

  2. Eric oktober 7, 10:03

    Us heit soe sein hawwe, oer de yntroduksje fan ‘e wolf yn it postsegel-parklânskip fan Nederlân: “Se binn’ gek, se binn’ hartstikke gek.”

  3. egbert oktober 7, 12:21

    Wy moatte dat wol yn verhâlding sjen mei de 1,5 miljoen hinnen, 45000 bargen en 5000 kij dy’t minsken eltse dei wer dea makke foar it fleis.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.