Earste romtetoerist (82) wol rûntsjes om ’e moanne fleane
Resint ferskynd
- Ferlinging subsydzjeregeling enerzjykoöperaasjes Fryslân 0
- Bouwe de Boer: Wynmûnen en stroomopslach: de motoaren fan de energetyske revolúsje 0
- ‘Utstoarne’ eamelstikelbaarch nei 62 jier filme 0
- FeRstival fiert jubileum: 80 jier foardrage yn it Frysk 0
- Temajûn ‘De grutte omslach’ mei Jan Rotmans yn Boalsert 0
De earste romtetoerist ea, de Amerikaanske ûndernimmer Dennis Tito, hat wer in kaartsje nei de romte boekt. De 82-jierrige Tito wol tegearre mei syn 57-jierrige frou Akiko mei SpaceX, it romtebedriuw fan Elon Musk, om de moanne fleane.

SpaceX Starship (ôfbylding: SpaceX)
Wannear’t de reis wêze sil, is noch ûndúdlik, mei’t it romtereau Starship noch net klear is. Der wurde noch testflechten útfierd. De moannereis sil mei tsien oare passazjiers makke wurde. Wa’t dat binne, is noch net dúdlik.
Yn 2001 gie Tito as earste toerist de romte yn. Hy betelle tweintich miljoen dollar om acht dagen nei it ynternasjonale romtestasjon (ISS) te gean. Sûnt biede ek de romtefeartbedriuwen Blue Origin fan Jeff Bezos en Virgin Galactic fan Richard Branson romtereizen oan.
Tito rjochte yn 1972 de ynvestearringsmaatskippij Wilshire Associates op en ferkocht it bedriuw twa jier lyn. “Wy binne mei pinsjoen en no is it tiid om de fruchten te plôkjen fan al it hurde wurk”, sei Tito koartlyn yn in fraachpetear mei parseburo AP. “Wy moatte safolle jierren sûn bliuwe as nedich is, foar’t SpaceX it reau klear hat”, sei Tito. Hoefolle oft er foar de reis betelle hat, wol er net fertelle. De Japanske miljardêr en moademagnaat Yusaku Maezawa gie Tito al foar en boekte ek in reis nei de moanne mei Elon Musk syn Starship.
Besjoch in fraachpetear mei Dennis Tito op YouTube.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje