Doede Wiersma: Wat is in geef minske?

oktober 30, 2022 07:00 Fernijd

Oertinking

As wy as bern beskuldige waarden fan wat wy net dien hiene, dan stutsen wy twa fingers omheech en rôpen: “Ik swar dat ik it net dien ha.” Sa brûkt Job oan ’e ein fan syn klacht de eed om syn ûnskuld foar God oer te bewizen.

Job 31 is ‘de berchrede fan it Earste Testamint’, neamd. Hjir fine wy in beskriuwing fan útsûnderlik hege noarmen en wearden. Job stiet model foar wat doe it ideaal wie. Yn de petearen mei syn freonen lit Job harren hieltyd mear links lizze. Se binne net solidêr mei him, mar redenearje kâld en kil út harren godsbylden wei. Job giet streekrjocht de wrakseling oan mei God. Hy swart dat er ûnskuldich is! Soe er falsk swarre, sa leauden se doe, dan rôp er de flok oer himsels ôf, mei de dea as gefolch.

De earbied foar God (fers 2, 14 en 23) leart Job om oprjocht en earlik te libjen. Bysûnder is syn minskbyld: God hat my yn it memmeliif makke, mar dy oare (feint en tsjinstfaam) likegoed. Ien en deselde hat ús dochs yn ’e memmeskurte taret (fers 15). Dat Job gjin fouten meitsje soe, wurdt wjerlein troch fers 33 dêr’t sein wurdt dat er syn misslaggen oan God opbychte hat.

Ut de tekst wurdt dúdlik hoe’t in geef minske libbet: dy is earlik yn ’e hannel (fs. 5), hat gjin begearte nei de frou fan syn neiste (1 en 9), is net haatdragend (29), driget de swakke net (20 en 21), wol as in heit wêze foar de wees en as in broer foar de widdo (17 en 18), docht syn wurkfolk rjocht (13), jout de neakene klean (19), is net materialistysk (24 en 25), wol gastfrij wêze foar swalkers (32) en jout it boulân op ’e tiid rêst troch it braak lizze te litten (38).
Soene jo en ik, ûnder ede, God ferklearje kinne dat wy as geve minsken libje?

Lêze: Job 31

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan € 19,50. (boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)
yllutraasje: Rembrandt van Rijn, Job
oktober 30, 2022 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.