Doede Wiersma: Teloarstelling

oktober 9, 2022 07:00

Oertinking

Op in frije snein, krekt foardat it winterwurk úteinsette soe, gie ik wolris by in kollega nei tsjerke. Sa hearde ik in kear in preek oer de teloarstelde Elia. Elia wie de woestyn yn flechte, seach it amt net mear sitten, woe wol dea wêze, want: “Ik bin (as leauwige) mar allinne mear oer en se besykje my it libben te benimmen” (1 Keningen 19:14). Elia hie him sa ward, mar de ‘gemeente’ heakke ôf.

Dy dominy hie dat gefoel fan Elia en de preek rekke my, om’t ik it ek sa fielde. Wer in winter lang alle wiken in preek meitsje, oeren fraachlearen, gearkomsten, tsjerkekrantsjes redigearje, besiten ôflizze, rou- en troutsjinsten hâlde. Wat jout it allegearre? De tsjerke en it leauwe ferlieze aloan mear terrein.

Yn ’e tiid fan Elia hiene de minsken Baäl en Astarte leaver as Jahwèh. Baäl wie de god fan de ekonomy en it jild en Astarte wie de goadinne fan de ferdivedaasje, ek de seksuele. Sokke ôfgoaden binne dus fan alle tiden!

De namme Elia is de koartste belidenis fan it leauwe: God is Jahwèh. Yn Elia’s tiid makken se in griemmank fan de eigen godstsjinst en dy fan Baäl. De fraach fan Elia oan it folk is: “Hoelang sille jim oer beide siden gean, oft Jahwèh God is, folgje Him dan, oft it Baäl is, folgje dy” (1 Keningen 18:21).

As iennige hie Elia 450 Baälsprysters ûntmaskere. Mar yn ’e efterholle wit er dat it hiele folk neat mear fan Jahwèh hawwe moat. Op it djiptepunt fan syn krisis sjocht er God en heart er Him sizzen: 7000 minsken (sân kear tûzen = folheid kear folheid) yn Israel ferearje Baäl net.

Dyselde ûnderfining hold de dûmny dy’t preke, en dy’t ûnder syn gehoar siet, oan ’e gong. Yn elke gemeente wiene genôch foar wa’t it leauwe alles wie.

Lêze: 1 Keningen 19:9-18

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan € 19,50. (boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)

Yllustraasje: Ferdinand Bol, De ingel ferskynt oan Elia

oktober 9, 2022 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.