Doede Wiersma: Mei jins beiden is better as allinnich
Resint ferskynd
Oertinking
Wa’t De Nacht fan Elie Wiesel lêzen hat, dy is djip rekke troch de heit en de soan dy’t yn ’e moannen dat se yn ’e konsintraasjekampen Auschwitz en Buchenwald sieten, foarinoar libben. Yn syn memoires skriuwt Wiesel dêroer: “As ik reden hie om te oerlibjen, dan wie it benammen om’t heit der wie. Wy wiene faninoar ôfhinklik: hy hie my nedich, sa’t ik ferlet fan him hie. Om him woe ik libje; om my besocht hy net te stjerren. Ik haw it folhâlden troch ús heit.” (Alle rivieren rinne nei de see, oerset troch Jacobus Knol, diel I, 110).
Op in oar plak freget Wiesel: “Wat is in freon? Mear as in broer, as in heit. De freonskip tekenet in libben like djip – djipper – as de leafde.
Leafde kin ferwurde ta in obsesje, freonskip wol net oars as diele. Yn it kamp wie myn bernetiid foarby. Ik hie allinne ús heit. Myn bêste freon. Myn iennige freon” (Alle rivieren, I, 72, 73).
Yn in yngeande besinning skriuwt Wiesel fierders: “Freonskip of de dea. Sa stiet it yn de Talmoed. Sûnder freonen is it bestean leech, ûnfruchtber, oerstallich. De Chassidyske beweging hat sa’n sukses om’t er de klam leit op de freonskip tusken syn oanhingers. God is net allinne de Heit fan ús folk, de Kening fan it hielal, en de Rjochter fan alle minsken, Hy is ek harren Freon. De slimste fan alle ferflokkingen is foar elkenien dat er gjin freonen hat. Sûnder freonen hat frijheid gjin doel en sin. Wa’t gjin freonen hat is as in finzene bûten de finzenis” (Alle rivieren, I, 66, 67).
Elie Wiesel leit as in wize learaar de klam op saken dy’t Preker hûnderten jierren earder de minsken al foarhold: “Mei jins beiden is better as allinnich… want o wee, de ienling, dy’t falt en dy’t gjin minske hat om him oerein te helpen.”
Lêze: Preker 4:7-12
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje