Doede Wiersma: Gewoanten

oktober 16, 2022 07:00 Fernijd

Oertinking

As bern op wurkwike of mei fakânsje binne, as se ’e hûs út geane fanwegen stúdzje of wurk, of by in partner ynlûke, hâlde se dan fêst oan gewoanten fan thús?

Heiten en memmen yn Israel fertelden troch de tiden hinne in sterk ferhaal oer Daniël en syn freonen. Dy wiene fier fan hûs, troch soldaten meinommen nei Babylon, sa’t hjir yn 1940-’45 minsken nei Dútslân fierd binne.

Michelangelo Buonarroti, De profeet Daniël (Sikstynske Kapel, publyk domein)

Yn dat fiere Babel meitsje Daniël en syn freonen der it bêste fan. Se hawwe sukses, lykas yndertiid Joazef yn Egypte. Mar dan falt der in beslút dat se de Joadske gewoanten opjaan moatte. Foar Joaden wie der ûnrein iten, bygelyks it fleis fan ûnreine dieren. Sels yn konsintraasjekampen wegeren Joaden om sop fan bargefleis te iten. Abel Herzberg skreau yn syn boek De man in de spiegel: “Wat harren dreau wie it sterke ferlangen om foar de ferfolger, de moardner, de heiden yn syn meast primitive foarm, in oar minske oer te setten. De minske dy’t se altyd west hiene en dy’t se bliuwe moasten. De minske dy’t libbe neffens fêste noarmen, foar wa’t it begjinsel jilde fan in skieding tusken rein en ûnrein, tusken wat mei en wat net mei… Allinne dy minske wie by steat om de fijân te wjerstean.”

Daniël en syn freonen hâlde fêst oan de gewoanten fan thús, oan de ytgewoanten, oan it trije kear deis bidden.
Wy krije fan hûs út gewoanten mei: Bibellêze, psalmen en gesangen sjonge, bidde, nei tsjerke gean. Wat dogge wy as wy it hûs útgeane. Hâlde wy fol, of jouwe wy op?
Fan Daniël leare wy dat de gewoanten ús helpe, grif dan as wy mei ús libben foar baarnende ovens en liuwekûlen komme te stean.

Lêze: Daniël 1:8-16

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan € 19,50. (boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)
oktober 16, 2022 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.