Doede Wiersma: De Printebibel
Resint ferskynd
Oertinking
Wat meie wy bliid wêze dat de Kijkbijbel fan Kees de Kort der ek yn it Frysk is as Printebibel. Yn elke húshâlding mei lytse bern is dat in weardefol boek. Oant in jier of tsien sprekke de prachtige kleurplaten de bern oan. Nei’t wy as âlden de bern de koarte teksten foarlêzen hiene, fertelden se al gau sels in ferhaal by de ôfbyldingen.
De godstsjinstpedagogen Janna Posthumus en Hanna van Dorssen skriuwe oer dy bernebibel: ‘De njonkelytsen wrâldferneamde yllustraasjes litte foaral de minsken sjen, har gesichtsútdrukkings en de bewegings dy’t se meitsje. Se binne yn rêstige fakken opset, yn moaie wikseljende kleuren.’
Dy tekene bibelferhalen binne yn mear as fyftich talen oer de hiele wrâld ferspraat. Kees de Kort set de figueren neistinoar, op ien streek, krekt sa’t bern dat dogge. Oer syn wurk seit de skilder: “As ik begjin mei tekenjen, meitsje ik my earst it bibelferhaal eigen. Ik besykje it te lêzen mei de eagen fan in bern en freegje my ôf hoe’t in bern it belibje soe. Doe’t ik mei de searje begûn, hiene wy sels twa beukers. Ik koe dus fuortendalik sjen hoe’t se derop reagearren. Ik fyn it prachtich om bibelferhalen te tekenjen, alle fasetten fan it libben komme deryn foar. Yn de ferhalen sit oarloch, geweld, minsken binne aardich, lulk en ha fertriet.”

Boarne: útj. A.J. Osinga, Boalsert.
Wa’t de Printebibel hat, soe ris sjen kinne nei Bartimeüs op side 254. De holle is hielendal read, sa lûd ropt er: “Hear, haw meilijen!” Alle sneinen by it ‘Kyrië’ nimt de tsjerke dy rop oer. Tagelyk sit dêryn de fraach oan ús om meilijen op te bringen! As wy dat dogge, dan sjogge minsken bliid, lykas Bartimeüs yn de Printebibel op side 259.
Lêze: Markus 10:46-52
Foar grutte minsken hat Sieger Köder de Bibel yn sprekkende kleuren skildere yn ‘Die Bilder der Bibel’.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje