Djipfriesbistetún biedt hoop foar bedrige bistesoarten
Resint ferskynd
Yn in spesjale friezer yn The Frozen Zoo yn San Diego bewarje wittenskippers al sûnt 1972 tûzenen genetyske meunsters fan ferskate bistesoarten. It is in moderne Arke fan Noach dêr’t sellen fan hast útstoarne en al útstoarne bisten bewarre wurde om se no of yn ’e takomst ta libben komme litte te kinnen.

Foto: ©NTR
Op it stuit is de grutste útdaging fan de ‘djipfriesbistetún’ it tefoaren kommen fan it útstjerren fan de noardlike wite noashoarn. Fan dy soarte binne der oant no ta noch mar twa yndividuen, beide wyfkes. Se kinne har dus nea mear sûnder help fan de wittenskip fuortplantsje. De ûndersikers fan The Frozen Zoo sette alles op alles om yn it lab noashoarnembryo’s te meitsjen út hûdsellen fan al lang lyn ferstoarne bisten om dy embryo’s dan yn in draachmem fan in oare soart te pleatsen.

Foto: ©NTR
It docht miskien wat oan de film Jurassic Park tinken, mar de meiwurkers fan The Frozen Zoo binne net bang om de grinzen op te sykjen. Wy binne as minskheid ferantwurdlik foar it útstjerren fan bisten; dan hawwe wy ek de plicht om dat tebek te draaien as biotechnology dy mooglikheid biedt, binne se fan betinken.

Foto: ©NTR
De Kennis van Nu special: Djipfriesbistetún;
Utstjoering: Moandei 17 oktober om 22.15 oere by de NTR op NPO 2.

Foto: ©NTR
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje