Diskriminaasje yn Dokkum?
Resint ferskynd
Ynstjoerd
De bern yn Dokkum en omkriten krije sa’t it no liket net de kâns om yn de Berneboekewike noflik yn Frysktalige berneboeken om te sneupen.
In pear jier lyn waard de lêste boekhannel yn Dokkum oernaam troch de firma Van der Velde út Ljouwert. Al gau waard it de leden fan ’e Boarger Aksjegroep ‘Sis Tsiis’ dúdlik dat wêr’t de Nederlânsktalige berneboeken suver in eigen berneboekewinkel krigen, de Frysktalige berneboeken op in sneu plankje earne efterôf yn de grutteminskeôfdieling fan de saak bedarren. Dat kin dochs net sa yn it haadplak fan in gemeente as Noardeast-Fryslân, dy’t alle jierren op alle basisskoallen oan de bern fan in groep in Frysk boek jout, om harren te stypjen by it lêzen fan harren memmetaal.
Wy hawwe sa troch de jierren by de direktrise fan it filiaal en by de direkteur fan Van der Velde yn Ljouwert wol in kear of fjouwer-fiif frege om in bettere oplossing, mar nee wêr’t soks yn Ljouwert wol kin, kin soks yn it filiaal fan Dokkum perfoarst net.
Ommers as jo it Frysk foar it Nederlânsk oer net diskriminearje wolle, dan sille krekt as yn biblioteken en oare boekhannels yn Fryslân bern sokke boeken njonkenelkoar fine moatte. Benammen de lytsere bern dy’t noch foarlêzen wurde, kieze in boek no ienris net op taal mar op útstrieling. As bern, âlden, pakes en beppes earst in meiwurker freegje moatte oft de winkel ek Frysktalige berneboekjes ferkeapet, dan wurdt soks twa kear neat!
Wy wolle dêrom ûnder de Berneboekewike, 5 oant 16 oktober, aksje fiere. Wy trúnje der by boekhannel Van der Velde op oan om de Frysktalige berneboeken yn it filiaal yn Dokkum net langer op it janpoepsplak te ferstopjen, mar se foar de bern yn Dokkum en omkriten nei dy prachtige romte mei Nederlânske berneboeken te ferhúzjen. Dy pear boekjes kinne der wier wol by. Ommers, wy wolle itselde as de boekhannel yn Dokkum, dat der mear Frysktalige berneboeken ferkocht wurde. Of net soms?
BoargerAksjegroep ‘Sis Tsiis’
piter@dykstra.frl, telefoan 06 1396 3855
30 septimber 2022
By boekhannel Van der Velde yn Drachten kin men ek gjin Fryske kaarten mear keapje …