DINGtiid-lêzing 2022 ‘30 jier Europeesk Hânfêst: driuwsân of dûnsflier?’

oktober 2, 2022 08:41

Sneon 5 novimber 2022 – 10.00 oere yn De Koperen Tuin, Ljouwert

Op 5 novimber 2022 is it presys 30 jier lyn dat Nederlân it Europeesk Hânfêst foar regionale talen en talen fan minderheden ûndertekene hat. It Europeesk Hânfêst is it fûnemint ûnder it gebrûk fan it Frysk yn bygelyks ûnderwiis, rjochtbank en de iepenbiere romte. Mar is dat fûnemint driuwsân of in dûnsflier? 

Earste DINGtiid-lêzing 
DINGtiid-foarsitter Jan Koster: “Neist út wetlike advystaak wolle wy ek graach de maatskiplike diskusje oer de Fryske taal befoarderje. Us DINGtiid-lêzing is in goede gelegenheid om minsken jierliks byinoar te bringen en harren oer de takomst fan it Frysk diskusearje te litten.”

Bestjoerskundige Heinrich Winter oer takomstbestindigens Europeesk Hânfêst Prof. dr. Heinrich Winter (Fakulteit Rjochtsgeleardheid, Ryksuniversiteit Grins) analysearret de takomstbestindigens en de stevichheid fan it Europeesk Hânfêst. Hat dat nei 30 jier noch genôch besteansrjocht as ynstrumint ta beskerming en befoardering fan de Fryske taal?

Underwiisekspert Albert Walsweer oer de ûnderwiispraktyk 
Undersiker dr. Albert Walsweer (Lektoraat Meartaligens & Skriftlike Taalbehearsking, NHL Stenden) reagearret op de lêzing fan Heinrich Winter. Hy giet neier yn op de wurking fan it Europeesk Hânfêst yn de ûnderwiispraktyk.

Programma 
DINGtiid, it ryksadvysorgaan foar de Fryske taal, hjit nigethawwers op sneon 5 novimber 2022 om 10.00 oere fan herte wolkom op de DINGtiid-lêzing yn Grand Café De Koperen Tuin (Prinsetún 1 yn Ljouwert). It programma begjint om 10.30 oere. Om 12.30 oere wurdt it programma ôfsletten mei in middeismiel.

  • Wolkom troch Jan Koster (DINGtiid)
  • Lêzing Heinrich Winter
  • Reaksje Albert Walsweer
  • Plenêre diskusje
  • Middeismiel

Oanmelde 
Oanmelde kin foar freed 21 oktober 2022 fia in online oanmeldformulier.

oktober 2, 2022 08:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.