Dichterlik Moarre op snein 23 oktober 2022

oktober 4, 2022 08:02

Foto en ûntwerp: Geart Tigchelaar

Streekdichter fan Noardeast-Fryslân, Geart Tigchelaar, organisearret in poëtyske middei op sneintemiddei 23 oktober yn De Stikel yn Moarre om 15.00 oere.

In ryk ferskaat oan dichters passearret de revu. Sa drage gemeentedichter fan Smellingerlân Katherine van der Velde, âld-Dongeradichter Akke Brouwer, oanstoarmjend talint Eelke Veltman en Streekdichter NEF Geart Tigchelaar alle fjouwer op harren eigen wize en yn eigen taal foar. Muzikale omlisting wurdt fersoarge troch Feike van der Zee.

Oan ’e ein fan de middei is der in iepen poadium. Oanmelde kin fia ynfo@wurdbyld.com. De tagong is fergees.

Geart Tigchelaar (1987) is ferline jier oansteld as Streekdichter fan Noardeast-Fryslân en oefenet dat amt twa jier lang út. Dêrby wol er de poëzy ûnder de oandacht bringe troch it inisjearjen fan ûnderskate projekten en poëzymiddeis.

oktober 4, 2022 08:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.