Dichter fan Fryslân op toernee by basisskoallen yn Fryslân del
Resint ferskynd
Poëzy kin folle mear wêze as in aardich ekstraatsje. De Dichter fan Fryslân, Sigrid Kingma, lit sjen hoe’t poëzy ynspirearjend en boartlik ynset wurde kin op skoalle by it oanlearen fan feardichheden en kennisoerdracht. “Poëzy is in moaie jas dy’t altyd past, en kinst leare om dy jas sels oan te dwaan.” Fan no ôf kinne basisskoallen yn Fryslân fia de webside fan Dichter fan Fryslân in fergeze workshop fan de Dichter fan Fryslân boeke foar it skoaljier 2022-’23.

Sigrid Kingma (foto: Jacob van Essen)
De Dichter fan Fryslân biedt twa ferskillende lesprogramma’s oer poëzy foar basisskoallen oan. In lesprogramma’s bestiet út in optreden en in les. De Dichter fan Fryslân bringt learlingen en leararen op in tagonklike wize mei poëzy yn ’e kunde en lit sjen wat it effekt fan poëzy wêze kin. It boeken fan in fergeze workshop kin fia: www.dichterfanfryslan.nl/skoaloptreden/. Der is in beheind tal fergeze workshops beskikber.
It projekt ‘Dichter fan Fryslân’ is in inisjatyf fan de provinsje Fryslân en wurdt útfierd troch Boeken fan Fryslân. Mei de beneaming fan in Dichter fan Fryslân wol de provinsje by in breder publyk mear omtinken freegje foar de keunstfoarm poëzy.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje