De wettergeast mei de gouden bile
Resint ferskynd
Folksferhaal
Twa timmerlju wiene mei in brêge oan it bouwen. Se arbeiden elk op in ein en doe liet ien syn bile yn it wetter falle. Hy rûn om in slathekkel en soe begjinne te fiskjen, mar der stie safolle wetter, dat hy koe it lang net bedjipje. Mistreastich lei er de skathekkel oan ’e kant. Hy koe der noch net by dat er sa sleau west hie en lit dy bile yn it wetter falle. Hy hie der in bulte ûngeriif fan. Hy liende syn maat sines wolris, mar soms moasten se tagelyk de bile brûke.
Dat hy stiet nochris nei it wetter te stoareagjen en doe sjocht er dat der beweging yn komt. Efkes letter wurdt er heislike kjel, want dêr komt in wettergeast boppe. Dy hat in gouden bile yn ’e hân en lit him de timmerfeint sjen: “Misse jo dy?”
“Nee,” seit de timmerfeint, dat it in earlik man wie, “ik hie dizze leaver, mar it is mines net. Dat ik wol him ek net ha.”
“No,” sei de wettergeast, “dan sil ik nochris dûke.” In amerij letter komt er wer boppe, mei de timmerfeint syn bile: ”Is dit him?”
“Ja, dit is him!”
“Dan ha jo de bile wer.”
“En hjir ha jo twa goudstikken as fergoeding foar de tiid dy’t jo mei sykjen ferspile ha.”
De timmerfeint wie de kening te ryk, dat hy rint nei syn maat ta: ”Sjoch, sa en sa haw ik it hân.”
“O,” seit de oare, “mar wêrom hast dy gouden bile net oannommen?”
“Ja, mar dat wie mines net!”
“Wat kin dat skele. Hawwen is hawwen. Dy hie grif mear wurdich west as in pear goudstikken.”
“Dat sil ’t wol, mar sa woe ik net”, seit de earste en dy jout him wer by syn wurk.
Mar doe tinkt de oare, jonge, as ik no myn bile ek ris yn it wetter falle lit, en dy wettergeast komt wer boppe mei syn gouden bile, dan pik ik him yn! Dat hy lit syn bile yn it wetter falle, hy kriget de slathekkel, hy fisket kwyskwâns, mar hy lit him al gau wer falle. It duorret efkes, dêr komt de wettergeast wer boppe en hy hat de gouden bile yn ’e hân.
“Is dit him soms?” freget er.
“Ja,” seit de timmerfeint, “dat is mines.”
“O,” seit de wettergeast, “ik sil him efkes ynpakke, dan kinne jo him sa meinimme.” Hy dûkt, mar hy komt wer boppe mei de timmerman syn eigen bile en dêr jout er him sa’n klap mei op ’e kop, dat hy hat der twa oeren fan yn ’e sûs lein. Doe’t er wer by syn sûpe en stút kaam, lei syn bile wol njonken him, mar gjin goudstikken. Sa giet it wolris as men de midden en de beide einen hawwe wol.
Ype Poortinga
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje