‘De waanzinnige boomhut’ no ek yn it Frysk

oktober 5, 2022 09:39

Boarne: Afûk

Dit jier ferskynt yn ’e nasjonale Berneboekewike foar it earst ek in Fryske oersetting fan it Berneboekewikegeskink. Yn opdracht fan Boeken fan Fryslân is in Fryske oersetting fan it Berneboekewikegeskink 2022 makke ûnder de titel: Healwize beamhutferhalen, oer doe’t it Stoel-Yn-Dyn-Noasdei wie en oare healwize saken. De oersetting is makke troch Martsje de Jong. 

It Berneboekewikegeskink is dit jier skreaun troch Andy Griffiths, tegearre mei yllustrator Terry Denton, bekend fan de populêre De waanzinnige boomhut-rige. Yn ’e Berneboekewike fan 5 o/m 16 oktober is de Fryske oersetting fergees te krijen by oankeap fan op syn minst € 12,50 oan Fryske boeken.

De Fryske oersetting fan it Berneboekewikegeskink is in inisjatyf fan Boeken fan Fryslân. Sjoch foar mear ynformaasje oer de aktiviteiten en projekten fan Boeken fan Fryslân op ’e webside: www.boekenfanfryslân.frl.

oktober 5, 2022 09:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.