De Bibel neffens Ruurd Wiersma
Resint ferskynd
Sneintemiddei 9 oktober sille dominy Klaas Vos en keunstskilder Jan de Beus harren ferhaal fertelle by de skilderijen fan Ruurd Wiersma, de molkfarder/nayf keunstskilder fan Burdaard. Dat bart yn de Kulturele Tsjerke fan Wyns.
Keunstskilder en -samler Jan de Beus út Muiderberg begjint mei Wiersma’s keunstwurken yn it ljocht fan de tradysje fan de ynternasjonale naïeve skilderkeunst te besjen en te besprekken. Dominy Klaas Vos út Naarden slút dêrop oan troch yn te gean op de bibelske fertellingen yn dy’t Ruurd Wiersma op syn panielen ôfbylde.

Boarne: Stichtong Ruurd Wiersma
De Stichting Ruurd Wiersma hat alle skilderijen, ôfbyldingen en foarstellingen fan Wiersma troch in profesjonele fotograaf fêstlizze litten. Dy foto’s wurde by de lêzingen yn Wyns sjen litten.
De middei begjint op 15.00 oere.
Sjoch ek https://www.ruurdwiersma.nl/
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje