Briefkje oer taal (36)
Resint ferskynd
Ed Knotter reagearret op Jan Breimer syn brief (sjoch https://www.itnijs.frl/2022/10/briefkje-oer-taal-35/)
Bêste Jan,
It dookjen en jookjen falt ûnder de kategory ‘troch de maatskiplike noarm beskaat taalgedrach’; in kwestje fan fatsoen, soe men sizze kinne. Mar dat is in dizenige omskriuwing, want hoe sit it krekt mei de fatsoensnoarm? In nijsgjirrige fraach is: hawwe taalkundigen dêr wol wat oer te sizzen? Of oars sein: is dat wol in taalkwestje?
By in kwestje fan fatsoen moat ik tinke oan ûnfoech taalgebrûk. Mar wat is ûnfoech? Unfoech is wat ‘wy’ ûnfoech neame. It wurdsje ‘wy’ ferwiist nei in groep, in sojaal-kulturele ienheid. In taalmienskip is sa’n ienheid. Dus ja, taal is der sûnder mis mei anneks.
Der hat in tiid west dat it near lein waard op smoarge wurden. Taalkundich wie dat ûnsin, want wat is der smoarch oan in klankassosjaasje, opskreaun mei in letterkombinaasje? Net it wurd, mar it begryp stie de lju net oan. Poep bygelyks. Dat waard ferfongen troch in eufemisme: ûntlêsting. Sa is it ek mei slimme sykten; dy doare wy soms net te beneamen. De K fan kanker is foar guon al te hurd en te skerp. It proses om dingen dêr’t wy net graach oan tinke of oer prate te omwuoljen of te fersêftsjen giet net mear sa hurd, mar is der wol. Der wurdt noch hieltyd besocht om dingen freonliker te sizzen. Audisiens neame yn de reklame in gehoarapparaat tsjintwurdich in ‘hoortoestel’. Dy reklame is net yn it Frysk en as dat wol sa wie, freegje ik my ôf hoe’t der reagearre wurde soe op it nije wurd ‘heartastel’.
It foarbyld fan dat ‘hoortoestel’ jout oan dat de oergong fan in wurd yn in nij (freonliker) wurd net yn eltse taal op deselde wize hoecht te ferrinnen. En sa is it ek mei ferdieling fan do/jo, tu/vous en du/Sie, om mar inkelde talen oan te wizen. Is de iene taal dan fatsoenliker as de oare? Yn it Dútsk binne de regels om te ‘duzen’ of te ‘siezen’ hiel kompleks. It kin foarkomme dat yn in beskate situaasje twa minsken du tsjin inoar sizze en yn in oare situaasje Sie. Yn it Ingelsk binne der gjin regels, want yn dy taal kin allinnich keazen wurde út it wurdsje you. De taal falt neat te ferwiten en de iene is net fatsoenliker as de oare. Mar wat betsjut it dan as wy sizze dat Friezen sa gau net ta dookjen oergeane as Hollanners op je/jij? Krekt as dy, Jan, haw ik it idee dat dat sa is, mar der is ek in oare kant. Hjir folget myn persoanlike ûnderfining.
Doe’t ik yn de santiger jierren op School Lyndensteyn, spesjaal ûnderwiis yn Beetstersweach, kaam te wurkjen, belâne ik yn in kultuer fan dookjen; je en jij en dêrby ek de foarnammen tsjin elkenien yn de organisaasje. De learlingen, jonge refalidanten fan it bernerefalidaasjesintrum groeiden dêrmei op. Dat moast de sfear fan waarmte en net autoritêr hâlden en dragen fersterkje. Ik koe it dêr wol mei lykfine en op ’t lêst wie it hiel gewoan; elkenien op de skoalle prate ommers sa. Om de foarnamme fan de direkteur fan it refalidaasjesintrum út te sprekken, moast ik dochs wolris wat oerwinne.
Op besite by oare skoallen foel gauris op dat dêr in oare gesachsferhâlding hearske, alteast oan it taalgebrûk te hearren. Ik fernaam ek dat bern fan deselde jierren as de learlingen dêr’t ik mei wurke, leard waard om it formelere u te brûken tsjin skoalmeiwurkers. Soks net allinnich hjir yn Fryslân, mar benammen ek op skoallen yn Hollân. Miskien wie Lyndensteyn wol in útsûndering, wie de weach fan anty-autoritêr tinken mar tydlik en is it yn dat spesjaal ûnderwiis no wer feroare. Der feroaret ommers oan ien tried wei wat yn opfettingen fan respekt en fertroudens. Dyn foarbylden fan ‘notabelen’, persoanen dy’t respekt fertsjinje, jouwe oan dat der hjoed-de-dei oars oer tocht wurdt. Respekt kin ek ôfstân skeppe, minder fertroudens. It is in oanhâldend sykjen om dêr lykwicht yn te finen. Soe ik ‘Arno’ sizze kinne tsjin de kommissaris fan de Kening? Of ‘Mark’ tsjin de premier? Yn guon situaasjes soenen dy beiden der faaks gjin beswier tsjin hawwe, mar hoe fielt soks en hoe wurdt sa’n omgongsfoarm beoardiele?
As ik mei de kening prate soe, soe ik yn ’t foar wiidweidige ynstruksjes krije oer wat wol en net tastien is op dat mêd, nim ik oan. It sil net yn my opkomme om ‘Willem’ of ‘Aleks’ te sizzen. Sa’t ik der no oer tink, soe ik sizze: “Mei ik de kening ris wat freegje?” De tredde persoan, of de funksje brûke, neamsto in tuskenfoarm, mar is it net de ‘beleefdheidsfoarm’ yn it Frysk?
It gebrûk fan jo, dat linkenoan oergiet yn je en dêr de tiidwurdsferbûging neffens it Hollânsk yn meilûkt (snap je wol?) soe ik ek noch op yngean wolle, mar dan wurdt myn briefke te lang.
Dat we net myn heit sizze, mar ús heit wurdt yn de reaksjes befêstige. Dat libbet dus ek wol, mar hjir lit ik it no by.
Mei ‘beleefde’ groetnisse,
Ed
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje