Briefkje oer taal (35)

oktober 18, 2022 08:00

Jan Breimer reagearret op Ed Knotter syn brief (sjoch Briefkje oer taal (34) | It Nijs)

Bêste Ed,

Koartlyn hie de rubryk Te Gast fan de Ljouwerter Krante in stik oer it tanimmende jijen en jouwen. De skriuwers fan in stikmannich ynstjoerde reaksjes dêrop wiene allegearre fan betinken dat it gjin foech jout as in bankdirekteur of -meiwurker yn in brief syn klanten mei ‘je’ oansprekt. Ien fan dy stikjes wie yn it Frysk skreaun, mar it sloech op Hollânsktalige situaasjes. Dy ferskille mei Fryske. Dêr wol ik it dizze kear oer hawwe.

Ik wit net hoe’tsto it ûnderfynst, mar neffens my geane Friezen yn it algemien net sa gau ta dookjen oer as ‘Hollanners’ dat mei jijen en jouwen (of tutoyeren) dogge. It hat mei ferhâldingen te meitsjen: âldens en status, mar ek fertroudens. Wat neier ien ús wurdt, wat mear oft we it ferlet fiele om dat yn de oansprekfoarm fernimme te litten, of better, om dêr ôfspraken oer te meitsjen. Tsjintwurdich sille kollega’s – of guon dy’t yn oar ferbân mei-inoar gearwurkje – benammen guon fan sawat fan deselde jierren, inoar al gau mei ‘do’ oansprekke, mar sizze se tsjin dy’t boppe harren stiet ‘jo’. As dy dan “Meist wol do tsjin my sizze”, seit, kin der dochs noch wolris in ferlegene situaasje ûntstean: de legere yn rang méí wol dookje, mar dóár it net, benammen net as ‘de baas’ of liedingjaande (nochal wat) âlder is of (noch) net sa fertroud oandocht. Guon fine in moaie útwei troch ien dêr’t se net mei dookje wolle of doare mei de namme oan te sprekken: “Wol Timersma der efkes nei sjen?” of “Hat Halbe myn mail al lêzen?”
Ien wol of net by de foarnamme neame hinget yn Fryslân net altyd fan âldens, status en betroudens ôf. De foarnamme brûke en dochs jookje, hear ik faak. “Teatske, geane jo ek nei dat konsert?”

In oar yn stee fan mei ‘jo’ yn de tredde persoan oansprekken wie in jier of sechtich lyn yn it Frysk hiel gewoan. Dy’t yn it maatskiplik libben boppe jin stie waard mei syn titel oansprutsen. Dat jilde foar de dokter, de dominy, de notaris, de fabryksdirekteur, it skoallehaad en de ûnderwizers. “Wol master ús jonge goed yn ’e gaten hâlde?”, “Dominy hat my wolris minder foldien.” Soks hear ik net mear. Dat is ‘jo’, as it gjin ‘do’ wurden is. Yn famyljeferhâldingen libbet it wol (foar safier’t ik dat waarnim): “Hoe giet it mei heit?”, “Ik sjoch dat muoike in nije mantel hat.” Tsjin bern: “Hy kin wol efkes bûten boartsje” en de slachter frege: “Mei sy wol in stikje woarst?” Sa tsjin bern prate sil wol net mear foarkomme; dy wurde mei ‘do’ oansprutsen. Yn myn bernetiid fielde ik it as apart dat myn muzyklearaar tsjin my (fan myn njoggende oant myn tolfde) en al syn oare learlingen ‘jo’ sei. Dat joech in ûnwennigens dy’t perfoarst net funksjoneel wie. Like apart wie it doe al dat in troud pear mei-inoar joke en noch aparter dat de man tsjin syn frou ‘do’ en sy tsjin him ‘jo’ sei. Yn dyselde tiid koe ik in troch en troch Fryske húshâlding dêr’t de bern ‘jo’ tsjin de âlden seine en in oare dêr’t se ‘do’ tsjn harren seine. Mei oare wurden, der binne altyd útsûnderingen op in regel.

Hjirboppe giet it oer de oanspraak tsjin ien persoan. As wy mear minsken tagelyk oansprekke, makket it gjin ferskil oft we mei harren persoanlik dookje of jookje soene; it is altyd jimme. Yn it Hollânsk hat in Fryskprater wolris oanstriid om yn sa’n gefal ‘jullie’ te sizzen. Dat falt dan út de toan, want yn it Hollânsk is dêr ‘u’ op syn plak. In Hollanner dy’t him yn it Frysk ta in groep rjochtsje wol, kin miene fatsoenlik te wêzen as er ‘jo’ seit, mar soks heart de Friezen nuver ta, dy ferwachtsje ‘jimme’.

In typysk ferskil is ek dat Hollanners it oer ‘mijn vader en mijn moeder’ hawwe en dat Friezen ‘ús heit en mem’ sizze, sels as se iennichst bern binne. Dat meartallich belibjen komt by Friezen yn folle mear situaasjes foar, net inkeld by ús dochter, ús bern (want se binne dochs fan ús tegearre?), mar ek yn soks as ‘wy ite jûn sipels’. Ik haw mei-inoar 23 jier bûten Fryslân wenne en my withoefaak besaud oer it yndividualistysk praten fan winkellju (yn famyljebedriuwen): “Ik heb kadetjes in de aanbieding”, kollega’s mei in húshâlding: “Ik ga deze zomer naar Spanje” en freondinnen fan ’e frou: “Ik eet vanavond stoofperen.” Ik hie dan oanstriid en freegje wat se har man dan foarsette soe. Ik mocht min oer dat ikjen, mar ik bin bang dat dy Hollânske yndividualiteit hjir ek fjild wint, al jouwe we ek noch sa heech fan ‘ús mienskip’ op. Ik bin benijd nei dyn ûnderfiningen.

Mei freonlike groetnis,

Jan

oktober 18, 2022 08:00
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. gauke oktober 18, 10:59

    Ta hoe fier gjit it ‘ús’ yn de famylje?
    Us Eabeltsje/Gurbe (sus/broer) klinkt my al goed yn de earen mar ús sus/broer wer net. Omke/muoike/pake/beppe klinkt foar my dan wer as twivelgefallen.

  2. Lútsen oktober 18, 13:11

    Ik sis nea ‘myn sus of sussen’, dat beart raar en is neffens my Hollânsk. Suster(s). Is ‘sus’ Frysk?

  3. gauke oktober 19, 11:29

    Frysker.nl jout yndied suster, ferlytsingwurd suske mei wol (susterke ek)

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.