Briefkje oer taal (34)

oktober 11, 2022 08:00 Fernijd

Ed Knotter reagearret op Jan Breimer syn brief (sjoch Briefkje oer taal (33) | It Nijs)

Bêste Jan,

dat wie wer in nijsgjirrich briefke. Myn reaksje begjin ik mei de lêste alinea. De ferbûging fan it tiidwurd moatte is kreas neffens de regels, mar yn de sprektaal ûntstiet in probleemke. Mei’t de t foar de útgong st net útsprutsen wurdt, is der by de twadde persoan inkeldtal (do) gjin ferskil te hearren tusken de notiid en de doetiid. De útspraak fan moatst en moast is krekt-en-gelyk.
It ferskil tusken do witst (notiid) en do wist (doetiid) is ek net te hearren; krekt itselde probleem.

By it tiidwurd sitte spilet dat probleem net; by litte ek net en miskien binne der noch mear gefallen. De notiid is do sitst en de doetiid do sietst; it ferskil sit him dêr dus yn it lûd. It is wol sa dat oan ’e ein de earste t net te hearren is (stomme letter). Wy sizze do sist en do siest. Om de systematyk yn de tiidwurdsferbûging gjin ûnderstek te dwaan, wurdt dat sa net skreaun. (Wat de stavering oanbelanget, giet it systeem hjir boppe de útspraak.) No is der wer in oar probleemke as wy sjogge nei it tiidwurd sille: do silst wurdt ek útsprutsen as do sist (stomme l). Yn de praktyk jout dat lykwols gjin swierrichheden, want út ’e kontekst wurdt ornaris dúdlik wat bedoeld wurdt.

No sei ik yn it begjin wol dat de ferbûging fan moatte sa moai neffens de regels wie, mar de útgong -st om de doetiid oan te jaan is wol wat apart (ik moast en wy moasten). By it tiidwurd witte komt dat dus ek foar en ek by doare: ik doar (notiid) en ik doarst (doetiid), al komt de regelmjittige doetiid (ik doarde) ek faak (hietyd faker?) foar. By de sterke tiidwurden (sa neam ik dy groep fan ûnregelmjittige tiidwurden noch mar) docht him lûdferoaring foar om de doetiid te foarmjen. Sa wurdt sit yn de doetiid siet, mar mei de oa yn moatte en doare slagget dat net. By doare is de swakke (regelmjittige) ferbûging mooglik (doarde), mar by moatte wol dat net rjocht. Ik moat-te en wy moat-ten binne ús blykber net nei ’t sin. Mar wêrom eins net? Wy kinne de foarmen wy prate en wy praten dochs ek goed útinoar hâlde, sawol mûnling as skriftlik? It is mar wat wy wend binne en wêr’t wy oan wenne wolle. ‘Taal giet syn gong wol’, soe men hast tinke.

Do bist der wiis mei dat de foarkarswurdlist alle ferbûgingsfoarmen sjen lit, mar dêr kin ferskillend oer tocht wurde. Wiswier is dat in hiele rykdom, mar soe wat mear standerdisaasje net foar mear dúdlikheid soargje kinne? Hokker fan dy foarmen hat dan de foarkar? Is dat de earst neamde? Is dat dan de standert?
Hawar, dat giet wer oer noarm en dêr moatte wy net hieltyd yn itselde rûnstje omhinne dûnsje.

It brûken fan en en of is in kwestje fan goed neitinke en dêr kaam in reaksje op, net op it neitinken, mar op it brûken, as ik it goed begrepen haw. De titel fan it Europeesk hânfêst moat neffens my ferkeard wêze. It giet yn dat Hânfêst sawol om regionale talen as om talen fan minderheden en dêrom moat en brûkt wurde. As der goed oer neitocht is, en dat mei men ferwachtsje, moat it idee west hawwe dat in regionale taal tagelyk in minderheidstaal is. Dan is of it goede bynwurd. Mar it nuvere is dat yn de brosjuere fan de Ried fan Europa de titel mei of oernommen wurdt, mar dêrnjonken it bynwurd en brûkt wurdt. Goed neitinke is dus net foar eltsenien itselde, of soenen ferskillende útgongspunten hantearre wurde?

Dat is myn redenaasje en no sjoch ik dat Henk yn in opmerking moai dúdlik de ûntjouwing oangeande it Europeesk Hânfêst beskriuwt. By it neitinken oer it brûken fan it krekte bynwurd (en/of) spilet dus noch wat oars mei, nammentlik it witten hoe’t dy redenaasjes har ta-inoar ferhâlde. In nijsgjirrige oanfolling.

Mei freonlike groetnis,

Ed

oktober 11, 2022 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Gauke oktober 11, 12:15

    Op Frysker.nl sjoch ik yndied ‘ik doarst, doarde’. Bin dy wurden eksakt gelyk of kinst se net altiten troch inoar gebrûke?
    By ‘Do’ hast namelik ‘doarst’ en ‘doarsto’, dy natuerlik net itselfde binne. En normaal stean de farianten derûnder.

  2. Ed oktober 14, 11:58

    Ik doarst en ik doarde binne lykweardich, Gauke. En ek do doarst en do doardest. It nuvere is hjir dat do doarst sawol notiid as doetiid wêze kin. Dat komt hiel faak foar by de twadde persoan iental; benammen by je-tiidwurden (do hellest, do hopest, ensfh.)
    It tiidwurd doarre (mei brekking) wurdt as fariant beskôge. Yn de sprektaal sil it twalûd oa dus as ôfgeand en ek as opgeand twalûd forkomme.

  3. Ed oktober 14, 12:00

    foarkomme fansels.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.