Briefkje oer taal (33)

oktober 4, 2022 07:58

Jan Breimer reagearret op Ed Knotter syn brief (sjoch Briefkje oer taal (32) | It Nijs)

Bêste Ed,

Ik tocht noch efkes nei oer dat nuvere ferskynsel dat Hollanners leaver ‘gehad’ sizze as ‘gekregen’. Yn it Frysk lykje we mear each en ear te hawwen foar de beweging dy’t yn krijen sit. Krije kin foar mear bewegingen as it yn ûntfangst nimmen brûkt wurde. Tink mar oan: ‘Wolsto de sûker efkes krije?’, ‘Ik sil de krante út de brievebus krije’ en ‘Krij mar in stoel’. Yn dy gefallen giet it om in eigen aktiviteit. Ik hearde ris fan in jonkje dat de telefoan oannommen hie en de fraach “Is jim heit ek thús?” beäntwurde mei: “Jawol, ik sil him efkes krije.” Hy hie it hást begrepen; as er witten hie dat sok krijen gelyk oan pakken stiet, hie er it sa net sein.

Wy hawwe ek útdrukkingen mei krijen lykas it wei krije (kjeld skypje), it net by jin weikrije kinne (it net ferjitte kinne), it net goed krije kinne (der gjin frede mei hawwe), en it hat dêr en dêrmei te krijen (te meitsjen). Sokke útdrukkingen binne net letterlik yn it Hollânsk oer te setten, mar der binne ek in protte mei krijen dêr’t dat wol mei kin.

Doe’t ik de earste sin fan dizze brief typte, stie sizze hielendal efteroan. Doe betocht ik dat minsken dy’t by as it earst oan de betsjutting of tinke, dy sin maklik oars begripe kinne as dat er bedoeld is. Dêrom dat ik de folchoarder fan wurden doe wat feroare haw. In moai foarbyld seach ik fan ’e wike: “Brûkte er de linkerhân as de rjochter?” Der waard frege oft er it mei de linker- of mei de rjochterhân die, mar der is ek wat oars yn te hearren. Dat hoech ik hjir net út te lizzen. Dat skriuwen fan as wylst der of mei bedoeld wurdt, ropt gauris misferstannen op. Ik seach it ris yn in rou-advertinsje stean dêr’t it maklik ferkeard yn útlein wurde koe.

Mei of kinne de minsken der lykwols ek wat fan! Net allinne yn it Frysk trouwens. Yn in opsomming fan ien of mear saken wurdt faak foar it lêste ûnderdiel of set wylst it en wêze moat. Koartlyn seach ik yn in nijsberjocht ‘Europeesk hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden’. Yn de namme fan dat hânfêst stiet net of mar en, en dat is mar goed ek; it soe mar oanlieding ta eigenwille jaan. Der wurdt soms net goed neitocht. Yn ‘wy koene kieze út trije neigesetsjes: yochert, fla en sûpenbrij’ is en de iennige mooglikheid. Yn ‘hy wist net wat er nimme soe: bier, in slokje of wyn’ kin of allinne mar goed wêze. Foar wa’t deroer neitinkt is it net lestich.

By eintsjebeslút in oar foarbyld fan in kwestje dêr’t it ferstân by brûkt wurde moat. Moatte we moatst of moast skriuwe? Yn de notiid fan moatte is it: ik moat, do moatst, hy moat, wy, jimme en sy moatte. Yn de doetiid: ik moast, do moast, hy moast, wy, jimme en sy moasten. Omdat de t yn ‘moatst’ (fan de notiid) net te hearren is, wurdt er by it skriuwen ek maklik weilitten, mar sa’n oanpassing oan de sprektaal kin misferstannen jaan. Yn de doetiid (“moast fierwei komme?”) heart gjin t. Gelokkich dat de foarkarswurdlist fan Frysker by de tiidwurden alle ferbûgingsfoarmen sjen lit!

Mei freonlike groetnis,

Jan

oktober 4, 2022 07:58
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Frank oktober 4, 11:31

    Jo binne mis. De namme is Europees Handvest voor regionale talen OF talen van minderheden.

  2. Ed oktober 4, 13:06

    De namme is mis, soe ik tinke. Dat docht ek bliken út in brosjuere fan de Rie fan Europa, dêr’t mei rjocht hieltyd it bynwurd en brûkt wurdt, wylst of yn de namme sels stiet.

    Een stem voor regionale en minderheidstalen

    Europees Handvest voor regionale talen of talen van minderheden

    Het Handvest:
    een stem voor
    regionale en
    minderheidstalen
    Raad van Europa
    F-67075 Strasbourg Cedex.
    Telefoon (receptie) + 33 (0) 3 88 41 20 00
    E-mail: minlang.secretar

    In taal kin in regionale taal wêze, mar ek in taal fan in minderheid. Yn it hânfêst giet it om beide mooglikheden, dus soe en brûkt wurde moatte. Mar in taal kin ek ta beide kategoryen hearre, dan is it bynwurd of op syn plak, mar en/of soe ek kinne.
    No is it de fraach wat krekt ûnder regionaal ferstien wurdt; der sil wol in gebiet yn in steat bedoeld wêze, mar in taal is fansels nea hielendal beheind ta in (lyts) gebiet. It sil wol troch steaten betocht wêze om lytse talen (en dêrmei faaks ek minderheden) teplak te setten.

  3. Henk oktober 5, 15:17

    Oer dat wurdsje ‘of’ is wol wat mear te sizzen. Foar ús is it nuver, omdat wy ‘regionale talen’ en ‘talen fan minderheden’ gauris as ferskillende kategoryen beskôgje.

    Sa wie it lykwols net by it opstellen fan it Hânfêst. Dat is yn de tekst dêrfan ek noch te sjen: der wurdt helendal gjin ûnderskied makke tusken ‘regionale talen’ en ‘talen fan minderheden’. It wurdsje ‘of’ jout oan dat se beskôge wurde as twa oantsjuttingen foar ien kategory, nammentlik talen dy’t troch de nasjonale oerheden oanwiisd binne om beskerme te wurden.

    ‘Regionale talen’ komt út de Frânske tradysje. Yn de Frânske steatsfilosofy binne der gjin minderheden, elkenien is Frânsman. De offisjele term foar talen lykas Bretonsk en Flaamsk wie dêr earst ‘langues et dialects locaux’ en letter ‘langues régionales’.

    ‘Talen fan minderheden’ komt út de East-Europeeske tradysje, dêr’t mei troch skowende grinzen en allegear frijwillige en ûnfrijwillige folksferhuzingen in soad groepen minsken mei in eigen taal en kultuer bûten de steat libje dêr’t dy taal en en kultuer de lanlike noarm binne.

    De opstellers fan it Hânfêst moasten yn begjin jierren njoggentich ien tekst ha dy’t foar alle Europeeske oerheden akseptabel wie. Mei de “kar-opsje” ‘langues régionales ou minoritaires’ is in term fûn dêr’t foldwaande stipe foar wie: eins ‘talen dy’t yn Frankryk ‘regionaal’ en yn East-Europa ‘fan minderheden’ neamd wurde’.

    Hoewol’t net elk it dermei iens wie, ha de Friezen har oer it generaal sûnder al tefolle kabaal by de East-Europeeske tradysje fan ‘minderhededom’ oansletten. Yn in wat âlder diskoers wie ‘taal fan it folk’ of ‘taal fan de naasje’ ûnder beweegde Friezen it dominante begryp. De Noardfriezen dy’t foar de eigen taal opkamen, wienen feriene yn de ‘Foriining for nationale Friiske’. Mei de yntroduksje fan it begryp ‘nasjonale minderheid’ en de erkenning troch Dútslân en Nederlân fan de Friezen as lid fan dy kategory, binne eins it Frysk ‘folk/naasje’-begryp en it East-Europeeske ‘minderheid’-begryp yninoar skood. Foar de ‘Foriining for nationale Friiske’ wie dat sels reden om te sizzen dat er syn foarnaamste doel berikt hie en de namme te feroarjen yn ‘Friisk foriining’. Yn de namme ‘Frysk Nasjonale Partij’ klinkt dat tradisjonele Fryske begryp ek noch troch, mar ik ha de yndruk dat it ‘naasje’-diskoers op ‘t heden op ‘e achtergrûn rekke is en dat de Fryske beweging it ‘minderheid’-begryp op grutte skaal omearme hat, yn Nederlân sawol as yn Dútslân.

    It dúdlikst is dat miskien wol te sjen oan de universiteit yn Grins, dêr’t it bestudearjen fan it Frysk en de posysje fan talen lykas Frysk en Bretonsk, diel is fan itselde stúdzjeprogram “Minorities and Multilingualism” as it bestudearjen fan de posysje fan ymmigranten, homo’s en allegear oaren dy’t troch harsels of oaren as ‘minderheid’ betitele wurde.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.