Bredere oanpak foar ûntwikkeling Frysk Natuernetwurk

oktober 13, 2022 09:47

De provinsje Fryslân wol mei in bredere oanpak de ûntwikkeling fan it Natuurnetwerk Nederland (NNN) foarút helpe. It foarstel oan Provinsjale Steaten is om it no beskikbere budzjet út it Natuerpakt – sa ’n 50 miljoen euro – yn te setten foar ûntwikkeling fan it hiele netwurk en dêrmei alle foarbykommende kânsen oan te gripen om it NNN rapper te realisearjen.

It ferskil mei de hjoeddeistige strategy is dat de ynset no foaral rjochte is op in part fan de ûntwikkeling fan it NNN, nammentlik yn de Natura 2000-gebieten en foar de Kaderrjochtline Wetteropjeften (KRW). Dat binne de saneamde prioriteit 1- en 2-opjeften. It foarstel is om dy strategy te ferbreedzjen en tenei yn te setten op de ûntwikkeling fan it folsleine NNN, ynklusyf de provinsjale opjefte (prioriteit 3 en 4). Dat betsjut dat it jild dat earst allinnich foar Natura 2000 en KRW beskikber wie, ek beskikber komt foar ûntwikkeling fan natuer foar de provinsjale opjefte fan it NNN. Dat jout de kâns om yn it hiele Natuernetwurk yn te spyljen op kânsen foar omfoarming of ynrjochting fan natuer. It beskikbere jild bliuwt dan net yn ’e beurs hingjen as kânsen foar realisaasje fan natuer yn Natura 2000-gebieten of foar KRW útbliuwe.
Natuerynrjochting mei dy bredere oanpak kostet de provinsje gjin ekstra jild, mar om oan ’e slach te gean yn it hiele NNN is wol mear kapasiteit nedich.

Stevige basis
De ûntwikkeling fan it NNN draacht by oan in stevige, sûne basis foar de natuer yn Nederlân. Dêr hearre de kwetsbere en stikstofgefoelige Natura 2000-gebieten ek by. It is dêrom in wichtich doel yn it Nationaal Programma Landelijk Gebied. Mei dy bredere oanpak wurdt der net mear natuer oanlein. It giet út fan de besteande begrinzing fan it natuernetwurk. De stikstofopjefte soarget foar in soad ûndúdlikheden en ûnrêst. En ek dat rekket oan de ûntwikkeling fan it NNN. Soarchfâldige ôfstimming mei grûneigeners, omjouwing en oare belutsenen oer de realisaasje fan it netwurk is dêrom wichtich.

Oanlieding foar de bredere oanpak
Oanliedingen foar it foarstel foar bredere oanpak binne ûnder oare de behanneling fan it oanbod fan Natuer mei de Meinskip yn maart dit jier, de behanneling fan de Strategyske Grûndnota yn april en petearen mei it ministearje fan LNV en de lanlike Taskforce Restopgave NNN. Dêrút komt nei foaren dat lanlik net mei prioriteiten binnen it NNN wurke wurdt. In bredere oanpak foar Fryslân, sûnder bepaalde gebieten foarrang te jaan, past dus yn dy line. Mei de bredere wurkwize bestiet de kâns dat de natuerdoelen flugger berikt wurde. Yn ’e hjerst fan 2022 nimt Provinsjale Steaten in beslút oer de oanpak.

oktober 13, 2022 09:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.