Bouwe de Boer: Stream fan oplossingen
Resint ferskynd
- Doede Wiersma: In politikus dy’t foar frede is 0
- Ferlinging subsydzjeregeling enerzjykoöperaasjes Fryslân 0
- Bouwe de Boer: Wynmûnen en stroomopslach: de motoaren fan de energetyske revolúsje 0
- ‘Utstoarne’ eamelstikelbaarch nei 62 jier filme 0
- FeRstival fiert jubileum: 80 jier foardrage yn it Frysk 0
Kollum
De enerzjyprizen binne langer net te foarsizzen en sille wol nea wer op it nivo komme dêr’t we oan wend wiene. Dat bringt in protte húshâldingen en bedriuwen yn swierrichheden, dy’t de kommende jierren oplost wurde moatte.
Bedriuwen dy’t in soad gas brûke, moatte dermei ophâlde omdat harren produkten troch de hege prizen net mear ôfnommen wurde. It driget dat swimynrjochtingen fan ’e winter sletten wurde. Thialf komt yn grutte swierrichheden en de kassebou fielt de grutte driging fan de hege kosten. De nasjonale keunstdongproduksje mei syn gasferbrûk fan 80.000 kúb gas de oere leit ek sawat stil.
De Europeeske Uny liket wrachtich by steat te wêzen om krêftdiedich op te treden. De ûnreedlike winsten fan enerzjyprodusinten sille ôfrjemme wurde en beskibber komme om de enerzjy-earmoed te ferlichtsjen. Dat jout in noflik gefoel fan Europeeske ienheid, dy’t we de kommende jierren goed brûke kinne.
Foar húseigeners is it no lang om let de útdaging om fluch it enerzjyferbrûk tebek te kringen. Dat is no hast te beteljen en banken sille it grif finansierje om derfoar te soargjen dat de hypoteken betelle wurde kinne en de huzen harren wearde hâlde. It ryk en de legere oerheden ynvestearje yn enerzjy-begelieders en jouwe fikse subsydzjes, sadat elkenien se betelje kin, benammen yn de besteande bou.

Foto Bouwe de Boer
Foar it ferwaarmjen komme der allegear nije elektryske produkten op ’e merk, dy’t yn it bûtenlân al hiel gewoan binne en no hjir ek te keap komme. Benammen ynfrareadferwaarming is grutte belangstelling foar. Frij nij is de elektryske flierferwaarming. Dy bestiet út rôlen foly mei ferwaarmingseleminten om yn alle keamers út te rôljen en op hiel effektive wize de romte mei te ferwaarmjen. Yn ferhâlding goedkeap en mei in goed effekt, ûnferwoastber en gjin ûnderhâld. Alle romten binne apart mei in app op de telefoan oan te stjoeren, wêr’t men ek is.
Mei tolve sinnepanielen en in sinneboiler op it dak sakket de enerzjyrekken nei in âlderwetsk noflik nivo. Oer in jier of wat sil de thúsbatterij syn yntree dwaan. Dan nimme we de enerzjy fan it elektrisiteitsnet ôf op tiden dat de stroom goedkeap is (bygelyks as de sinne skynt) om dy de hiele dei troch brûke te kinnen.
In stream fan nije ûntwikkelingen stiet ús te wachtsjen!
Dit is nûmer 69 yn de rige Fryslân – Skjinnerlân
Bouwe de Boer wennet yn Akkrum en is projektlieder fan Freonen fan FossylFrij Fryslân – Skjinnerlân.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje