Bouwe de Boer: De reade loper foar eigen enerzjy

oktober 29, 2022 07:00

Kollum

Op 14 oktober waard yn Boalsert troch tsien organisaasjes yn Fryslân in petysje ûndertekene. Dy hat as doel om ‘enerzjyhubs’ yn Fryslân te realisearjen. Enerzjyhubs binne lokaasjes dêr’t op grutte skaal duorsume enerzjy foar de eigen krite opwekke wurdt.

Yn eigen hân
It idee derefter is dat dy enerzjyhubs eigendom fan de befolking sels binne. Yn Dútslân, Denemarken en Eastenryk bygelyks bestiet dat al jierren. De belangrykste reden om soks te organisearjen is om sels baas oer benammen it komôf en de priis fan enerzjy (waarmte, stroom en ek biogas en geotermy) te wêzen. Yn Fryslân is op lytse skaal al ûnderfining mei dat fenomeen opdien: yn Reduzum, Tsjom, Drylts en Stiens. It binne foarbylden fan it yn eigen behear opwekjen fan enerzjy. Dan giet it om in eigen wynmûne, in eigen sinnepark of in eigen omsetter fan dong dy’t gas oan de eigen krite leveret. Soks wurdt organisearre troch in koöperaasje. Sels opwekje, sels ferkeapje, sels opslaan en sels brûke. Dat jout moaie mooglikheden om agrariërs derby te beheljen, mar húshâldingen en bedriuwen likegoed. It lestichste dêrby is de oerheid. Te folle regels behinderje no noch de kânsen dy’t in protte doarpen al heech op ’e wurklist hawwe. Krekt yn Fryslân falt it gearwurkjen op. It is net om ’e nocht dat mear as santich enerzjykoöperaasjes mei-inoar in eigen enerzjybedriuw oprjochte hawwe (Enerzjy van Ons). It begjin is der. No de oerheid noch! Mei de provinsjale ferkiezingen fan maart 2023 foar de doar is dat dé gelegenheid om de nije koälysje dat boadskip ûnder eagen te bringen. Organisearje in reade loper foar lokale inisjativen!

De Freonen
Sels wurkje ik foar de Freonen fan FossylFrij Fryslân, in kollektyf fan 140 organisaasjes dy’t dat ek wolle en dus de petysje ûndertekenje. It bêste antwurd op enerzjy-earmoed, nije wurkgelegenheid en it oan bannen lizzen fan de CO2-útstjit.

Op 13 oktober hiene de Freonen in gearkomste by ROC de Friese Poort yn Ljouwert. Dêr waard frege oft we de kant op moatte fan eigen enerzjy yn Fryslân yn de foam fan enerzjyhubs. Op de foto hjirûnder is it antwurd dúdlik te sjen. Itselde antwurd as dat fan dy oare tsien organisaasjes dy’t yn Boalsert in petysje ûndertekenen.

Foto © Freonen fan FossylFrij Fryslân

Dit is nûmer 70 yn de rige Fryslân – Skjinnerlân
Bouwe de Boer wennet yn Akkrum en is projektlieder fan Freonen fan FossylFrij Fryslân – Skjinnerlân.
oktober 29, 2022 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.