Boekpresintaasje ‘Hear fan ’e miggen’ op sneon 29 oktober by Paviljoen MeM

oktober 11, 2022 08:42

Geart Tigchelaar (eigen foto)

Op in ûnbewenne eilân yn de Stille Oseaan stoart in fleantúch del. Oars net as in groep skoaljonges oerlibje it. Sûnder folwoeksenen moatte hja it sjen te roaien en it docht dan al gau bliken dat it fernislaachje fan ’e beskaving tin is. William Golding debutearre yn 1954 mei it wrâldferneamde boek Lord of the Flies. Oft it no in realistysk boek foar jongfolwoeksenen is of net, it bliuwt hoe dan ek in spannend en nijsgjirrich ferhaal. It boek ferskynt no, oerset troch Geart Tigchelaar, foar it earst yn it Frysk.

Op sneon 29 oktober wurdt de oersetting presintearre by Paviljoen MeM yn Egypte (tichteby Bûtenpost). Tigchelaar sil net allinnich wat út it boek foarlêze, mar literatuerwittenskipper Tryntsje van der Steege set it boek yn in bredere kontekst. Teäter/muzykgroep Bern fan MeM sil by it kampfjoer op it mysterieuze plak tusken it Poelepaad en De Swadde in pear sênes út it boek útbyldzje, sadat elkenien fielt hoe’t it is om op in ûnbewenne eilân húsmanje te moatten. Nei de boekpresintaasje begjint om 21.30 oere it programma fan de Nacht fan de Nacht.

Skriuwer, dichter en oersetter Geart Tigchelaar (1987) hat yn 2016 de Obe Postmapriis wûn foar syn oersetting fan Erik of it lyts ynsekteboek. De oersetting fan Hear fan ’e miggen is syn fyfde proaza-oersetting.

Plak: Paviljoen MeM, Egypte 16a, 9285 WX Bûtenpost
Datum en tiid: Sneon 29 oktober, de jûns om 19.30 oere

Boarne: Hispel

oktober 11, 2022 08:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.