Binne Mosk: Deade hinnen
Resint ferskynd
Kollum

Foto faksinaasjeside Universiteit fan Wageningen
In inkelde kear haw ik soks. Dan wurd ik moarns wekker en dan tink ik: Wat bin ik bliid dat ik net in kalkoen, ko, keal, baarch, ein of hin bin. Ik bin in goede slieper en meastal wit ik neat fan wat my nachts yn myn dreamen dwaande hâldt, mar op de ien of oare wize wurket sa’n berjocht oer de safolste moardpartij op hinnen of bargen troch yn myn geast. Dat hat dan te krijen mei it nijs fan de foarige dei. Op 11 oktober waarden der wer 40.000 hinnen romme fanwege de fûgelgryp.
No sille jimme sizze dat dy bisten oars ek deageane, dus wat makkest dy drok. En yndied, ik lis der net wekker fan, mar it kin dochs net de bedoeling wêze dat soks sa trochgiet. It begûn dit jier al op 3 jannewaris yn Blije. Der binne 172.000 fleispiken de nekke omdraaid of deaslein, wit ik folle hoe’t se dat dogge. Fansels haw ik it opsocht: se wurde fergast.
Tusken 3 jannewaris en 12 oktober hawwe der noch sa’n 70 rommingen west. Allinne rommingen fan mear as 50 fûgels wurde byholden troch it ministeerje. Sa waarden der op 18 maart by in hobbyfûgelhâlder yn Lunteren 85 fûgels romme, mar meastal giet om ûnbidich grutte oantallen. Tusken foarige hjerst en no binne der miljoenen fûgels deamakke. De fûgelhâlders krije der fergoeding foar.
Sûnt 5 oktober is der in ophokplicht en binne der strange maatregels om fierdere fersprieding tsjin te gean. De Universiteit fan Wageningen is op it stuit dwaande om in faksin te ûntwikkeljen dat net allinne de bisten beskermet tsjin siik wurden, mar ek de fersprieding fan de sykte tsjingiet.
Men kin allinne mar begrutsjen hawwe mei al dy hinnen, einen en kalkoenen. Se kinne har meastentiids de kont net keare om fan normaal gedrach mar net te praten. Bliuwt dus de fraach oft wy yn ús lytse lân safolle kij, bargen en hinnen hâlde moatte. It werwurd is dan dat de omstannichheden yn oare lannen noch minder geunstich binne. Dat is wier. Kearn fan it probleem is dat wy mei te folle minsken binne. Dat minsklike sûchdier is der de oarsaak fan dat alle oare dieren oan ’e krapper ein komme, opfretten of útmoarde wurde, útsein katten en hûnen. Fan dy hûnen bin ik net wis. It skynt dat se yn Sina wol op ‘e itenstafel komme en wêrom ek net, sis ik derby.
De natuer slacht somtiden werom mei in nij firus, lyk as mei Covid, mar der hat it minskdom wat op fûn. Ik bin der net fan oertsjûge oft alle hinnen dêr bliid mei binne.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje