As de blêden falle… (sonnet)
Resint ferskynd
As de blêden falle…

Boarne: pixabay.com
Wer is de tiid fan ’t blêdefallen kommen
en litte beammen, sêd fan simmerdracht,
har sier ferwaaie. Sûnder lûd of klacht
wurdt harren stadichwei de pronk benommen.
En yn ús tún, dêr’t tûzen fleur’ge blommen
har feesten fierden, kin ien rouwe nacht
hommels in ein meitsje oan dy teare pracht
dêr’t wy te bliid, te fêst miskien yn rommen.
Hoe lokkich ’t hert dat dan noch hope hat,
dat net allinne wit yn dizze dagen
fan libbens delgong en fergonklikheid,
mar ek fan ’t sied dat earst yn d’ ierde moat
en stjerre om letter ripe frucht te dragen.
O maitiid fan Gods wûnd’re ivichheid.
Bernard Smilde (1922-2014)
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje