Arjen J. Dykstra: Dongeradiel yn beweging (2. Nes)

oktober 31, 2022 09:00 Fernijd

De Theaterkerk wie earder de Grifformearde Tsjerke. It wie de twadde grifformearde tsjerke yn Nes. It earste gebou, út 1887, waard te lyts. Yn 1925 is dit mânske gebou delset. De Halbertsma’s en de Bokma’s de Boer passe sûnder mis yn it profyl fan de leden fan it Selskip foar Fryske Taal- en Skriftekennisse. Dy oanhing bestie meast út middenstânslju, de liberale boargerij en de yntelligintsia fan doarpsdominys en skoalmasters. Dy ‘elite’ hie it yn de 19e iuw om Nes en Nijtsjerk hinne foar it sizzen. Nei de lânboukrisis feroare dat. Gerniers en fiskers krigen mear te sizzen. Der waaide doe in oare wyn. In wyn dy’t mear past by it Kristlik Frysk Selskip.

Nes – Skoalle de Tarissing. Foto publyk domein

Oan de Wiesterwei stiet de kristlike basisskoalle De Tarissing. It wie de opfolger fan de Kristlike skoalle oan de Nijtsjerkerwei. Dy skoalle is krektlyk as it Kristlik Frysk Selskip yn 1908 oprjochte. Yn septimber 1962 waaard dat in twatalige skoalle: Frysk en Nederlânsk. In lyts detail. Dy skoalle is lykwols yn 2006 sletten. FNP-deputearre Klaas Fokkinga wie de lêste direkteur.
Wy geane lykwols net oer Wie nei Wierum, mar oer de Wierumerwei. Earder stiene der huzen tsjin de dyk oan. Nei de stoarmfloed yn 1907 is besletten om de dyk te ferbreedzjen. De huzen by de dyk moasten derwei. Yn 1913 wiene alle huzen by de Dyk ôfbrutsen. Goed tachtich jier hat it neiteam fan Jan Minnes Boelens en Hiltje Krines van der Wal yn ien fan dy huzen wenne. Boelens? Krine? Is dy twatalige skoalle eins wol ‘in lyts detail’? Krine Boelens kaam ek út Nes…

Krine Boelens (1914-1995) wie ûnderwizer, skoalhaad en ûnderwiisynspekteur (1958-1972) fan it leger ûnderwiis. Hy wie tige warber foar de opbou fan de Fryske skoalle en as taalsosjolooch ferbûn oan it Pedagogysk Advysburo fan de Fryske Akademy. Dat advysburo wie in ynstelling ferbûn oan de Fryske Akademy, dy’t sûnt 1959 twatalige skoallen begelate. Yn Skiermûntseach waard yn 1966 in skoalle nei him ferneamd, de Inspecteur Boelensschool. Yn Nes is Boelens foaral bekend om syn boek Nes, in doarp yn de Dongeradielen. Doe’t de Nessemer skoalle twatalich waard, wenne er dêr sels net mear. De foarsitter fan it skoalbestjoer wie doe Jan Rozendal. Syn skoanheit wie in gernier en skriuwer út Nijewier en nau belutsen by it Kristlik Frysk Selskip. Dy skoanheit komt fêst noch wol te praat. Hawar, earst mar fierder op Wierum oan.

Takomme moandei fierder.

oktober 31, 2022 09:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.