Arjen J. Dykstra: Dongeradiel yn beweging (1. Start)
Resint ferskynd
Arjen J. Dykstra (Dokkum, 1974) is hikke en tein yn Nes. Hy wurket as adviseur by de Rijksdienst voor Ondernemend Nederland. Sûnt 2017 is er ponghâlder fan de Ried fan de Fryske Beweging en belutsen by it Frysk Bûsboekje en it tydskrift DE NIJE. Dykstra hat altyd niget hân oan famyljeûndersyk en de geakunde fan noardeastlik Fryslân. Hy skreau in soad foar it histoarysk blêd De Sneuper en wurke mei oan it boek Geschiedenis van de Veehandel en Veemarkten in Friesland, dat yn april 2022 útkaam. Yn in rige artikels op It Nijs bringt er syn passy foar de skiednis fan de Dongeradielen en de Fryske Beweging de kommende wiken oer it fuotljocht.
Nes
Sjoerd van der Schaaf skreau yn 1977 it boek Skiednis fan de Fryske biweging. Yn it plaknammeregister fan dat boek komt men hast gjin plaknammen tsjin út de Dongeradielen. Mei de krekt ferskynde biografy fan Tony Feitsma is it al krekt sa. Spile de Fryske beweging gjin rol yn dizze kontreien? Yn de lêste simmerfakânsje haw ik mar ris in fytstochtsje makke, op ’e syk nei spoaren fan de Fryske beweging yn ús omkriten. We begjinne en einigje de tocht yn Nes.
De earste spoaren binne gau fûn. Dy komme foaral út de skiednisboekjes. Yn Nes binne tusken 1970 en 1985 in soad huzen ôfbrutsen. Op de hoeke fan de Keatsbuorren (earder: Middelbuorren) wenne eartiids bakker Ulbe Wiegers Postma. In âldomke fan Bertus Jans Postma, mar dat sil wol tafallich wêze. Dêrneist wenne timmerman Gerrit Walings Dijkstra, in soan fan de ferneamde skriuwer Waling Dijkstra. Halbertsma’s komme we ek tsjin. Keapman Eeltsje Tjallings Halbertsma (soan fan ien fan de bruorren Halbertsma) troude mei de dochter fan in Nessemer bakker en keapman út deselde Middelbuorren. Eeltsje hat noch yn Nes wenne, mar is yn 1857 útpykt, sûnder te fertellen, wêr’t er hinne gie. Hy is yn 1894 ferstoarn yn Michigan. De frou en bern bleauwen yn Fryslân efter. Eeltsjes skoansoan Wytze Petrus de Vries hat yn Nes skoalmaster west. Hy skreau wol, krektlyk as syn sweager Tsjalling Eeltsjes Halbertsma, yn For hûs en hiem.
For hûs en hiem wie in Frysktalich tydskrift, oprjochte troch sosjalist Piter Jelles Troelstra. Troelstra syn frou Sjoukje Bokma De Boer kaam út Nes. Yn For hûs en hiem hie Sjoukje in bernerubryk. Se is ferneamd wurden ûnder de namme Nynke van Hichtum. Har bekendste wurk is Afkes Tiental (1902). Fan Sjoukje har hân ferskynden bygelyks Teltsjes yn skimerjoun (1887) en Der wier ris in âld wyfke (1908).

Bertehûs Nynke van Hichtum. Foto © Arjen J. Dykstra
Sjoukje har heit wie in frijsinnige dominy yn de herfoarme gemeente Nes-Wierum. Dat paste net sa goed. Benammen fiskers út Wierum en gerniers wiene rjochtlinich yn ’e leare. Fan it sosjalisme moasten se yn dizze omkriten net folle hawwe. Om 1963 hinne krige Nes in Nynke van Hichtumstrjitte, krekt om de hoeke fan de eardere pastorijtún. Yn 1997 makke Hans Jouta in stânbyld foar Nynke van Hichtum. Dat binne dochs wat taastbere bewizen yn dit doarp. No earst sa mar. De oare kear noch wat mear oer Nes.
Takomme moandei fierder.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje