Anne Merkuur folget Goffe Jensma op, mar net as perfester
Resint ferskynd

Taalkundige Anne Merkuur sil by de Ryksuniversiteit Grins oan ‘e slach as ûndersykster op it mêd fan de Fryske taal- en letterkunde. Hja folget Goffe Jensma op, dy’t koartlyn ophâlden is as heechlearaar. Frou Merkuur wurdt lykwols sels gjin heechlearaar en kriget ek gjin folsleine oanstelling. Neffens de universiteit wie der gjin gaadlike nije perfester te finen.
De Ryksuniversiteit hat dêrtroch foar it earst sûnt 1941 gjin heachlearaar foar Frysk mear. Wol bestiet de mooglikheid dat Anne Merkuur letter de learstoel Frysk oanbean kriget, as hja mear ûnderfining opdien hat. Frou Merkuur wurket op ‘t heden by de Fryske Akademy yn Ljouwert. Dêr giet hja yn dieltiid mei troch, wylst hja yn dieltiid as universitêr dosint yn Grins oan it wurk sil.
De lieding oer de ôfdieling Frysk yn Grins komt yn ‘e hannen fan Joana da Silveira Duarte, dy’t haaddosint ‘minderheden en meartaligens’ oan dyselde universiteit is. Hja is ek lektor Frysk en meartaligens oan hegeskoalle NHL Stenden yn Ljouwert en perfester ‘wrâldboargerskip en twatalich ûnderwiis’ oan de Universiteit fan Amsterdam.
Direktrise fan de Fryske Akademy Nelleke IJssennagger-van der Pluim docht te witten dat hja wiis is mei de oanstelling fan Anne Merkuur yn Grins. De Fryske Akademy en de Ryksuniversiteit Grins kinne troch de dûbelde pet fan de ûndersykster makliker gearwurkje. Deputearre Sietske Poepjes seit dat hja libje kin mei de konstruksje dy’t de Ryksuniversiteit Grins keazen hat, no’t net in gaadlike nije heechlearaar Frysk te finen wie. Antonia Visser, de dekaan fan de letterefakulteit, dêr’t it Frysk ûnder falt, seit dat frou Merkuur wurk meitsje moat fan mear studinten. No binne der yn trochsneed 14 studinten yn it jier dy’t oan de stúdzje ‘minderheden en meartaligens’ begjinne. It Frysk kin as ûnderdiel fan dy stúdzje bestudearre wurde. In folsleine stúdzje Frysk wurdt sûnt 2021 yn Grins net mear oanbean.
Anne Merkuur is ferline jier oktober promovearre op in proefskrift oer feroarings yn de tiidwurdfolchoarder yn it Frysk ûnder de ynfloed fan it Nederlânsk. Hja is 33 jier âld en is yn har wengemeente De Fryske Marren warber foar GrienLinks. Hja sit ek foar dy partij yn de gemeenterie.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje