Aksjefierders smite tomatesop tsjin skilderij fan Van Gogh yn Londen
Resint ferskynd
Aksjefierders fan Just Stop Oil hawwe yn museum The National Gallery yn Londen blikken tomatesop oer it skilderij ‘Sinneblommen’ fan Vincent van Gogh smiten. It giet om ien fan de fiif ferzjes fan it skilderij fan de Nederlânske skilder dêr’t sinneblommmen yn in faas op te sjen binne.

In ferzje fan de ‘Sinneblommen’ fan Van Gogh (boarne: Wikipedia – publyk domein)
De aksjegroep Just Stop Oil wol dat it Feriene Keninkryk ophâldt mei it ôfjaan fan nije lisinsjes foar fossile brânje. Sûnt begjin oktober fiert de aksjegroep alle dagen aksje, benammen tsjin de oankundige plannen fan it Britske regear om fracking wer ta te stean. (Fracking is in metoade om û.o. skalygas en skalyoalje út de djippe ûndergrûn frij te meitsjen, troch mei lytse eksploazjes skuorkes yn stientme te meitsjen.) Nei it smiten fan de sop, limen de twa aksjefierders harren oan ’e muorre fêst. It museum meldt dat der in bytsje skea is oan ’e list, mar it skilderij sels net skansearre is mei’t it efter glês sit. De twa aksjefierders binne oanholden.
Besjoch in filmke fan de aksje op YouTube.
It is net de earste kear dat Just Stop Oil in skilderij fan Van Gogh brûkt om him út te sprekken. Yn juny dit jier limen aksjefierders harsels oan syn skilderij ‘Perzikboom in bloei’ fêst. It skilderij wie doe spesifyk keazen om omtinken te freegjen foar it lânskip op it skilderij, dat neffens de aksjefierers troch klimaatferoaring bedrige wurdt. Oare skilders waarden ek doelwyt fan de aksjes. Trije moanne lyn limen demonstranten fan Just Stop Oil harren fêst oan in skilderij fan de Ingelske keunstskilder John Constable yn it Londenske museum. Hja plakten doe harren eigen alternative ferzje op it skilderij ‘De Heawein’. De skea dy’t dat oan it skilderij feroarsake hat, wie gau reparearre.
Just Stop Oil is net de iennige organisaasje dy’t tsjin de plannen fan it Britske regear protestearret. Ferline wike ûnderbrutsen Greenpeace-aksjefierders it partijkongres fan de Britske premier Truss om tsjin de oankundige besluten te demonstrearjen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje