Yntroduksjeles kursus Skriuwtechniken

septimber 1, 2022 08:51

Op woansdei 5 oktober start in nije kursus Skriuwtechniken, dêr’t begjinnende skriuwers yn it Frysk harren technyk by ferbetterje kinne. De 12-dielige kursus, jûn troch Arjan Hut út namme fan de Skriuwersfakskoalle, is in inisjatyf fan Leeuwarden UNESCO City of Literature, Tresoar en Schrijversvakschool Groningen. Op woansdei 7 septimber is der in fergeze yntroduksjeles.

Foto: Unsplash/Andrew Seaman

Yn de kursus Skriuwtechniken leare dielnimmers harren eigen skriuwstyl kennen en te eksperimintearjen mei it Frysk as skriuwtaal. Op de Skriuwersfakskoalle krije kursisten les fan saakkundige auteurs en leare se ek fan elkoar. In jier lyn sette in earste groep útein, dy’t fan ’t maitiid in ferfolchkursus folge en yn de hjerst mei it folgjende lesjier fan de oplieding trochgiet. De kursus foar nije dielnimmers begjint op 5 oktober 2022 en rint oant en mei 8 maart 2023. De tolve lessen binne op woansdeitejûn fan 18.45 oant 21.45 oere by Tresoar.

Foar minsken dy’t belangstelling ha, is der op woansdei 7 septimber in fergeze proefles. Pauline Durlacher, direkteur fan Schrijversvakschool Groningen: “De dielnimmers krije twa opdrachten en geane dêr fuortdaliks mei oan ’e slach. Se krije kommentaar op haren tekst en fernime al gau wat sa’n skriuwkursus harren opleveret.”

Wa’t him/har foar 15 septimber foar de folsleine kursus ynskriuwt, kriget 25% koarting op it lesjild fan € 480,-. Oanmelde foar de proefles en de kursus kin op www.skriuwersfakskoalle.frl.

septimber 1, 2022 08:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.