Yn ferhâlding minder biblioteeklokaasjes yn Fryslân

septimber 17, 2022 08:54

Yn Fryslân binne relatyf net folle biblioteeklokaasjes. Eltse biblioteek wurdt dield mei yn trochsneed 23.863 Friezen, wat mear is as de lanlike trochsneed. Mei’t de biblioteek in hieltyd gruttere maatskiplike funksje kriget, liket it wiermeitsjen fan dy rol foar Fryske biblioteeklokaasjes dreger te wêzen as yn oare provinsjes. Sa konkludearret thússtúdzjeplatfoarm Laudius op basis fan in ynventarisaasje ûnder 151 Nederlânske biblioteekorganisaasjes en CBS-data.

Foto: pixabay.com

Foar it maatskiplik oanbod fan biblioteken hawwe brûkers gjin abonnemint nedich. It oanbod bestiet bygelyks út it befoarderjen fan digitale feardichheden en taalbetûftens. Yn trochsneed is der foar eltse 22.197 Nederlanners in biblioteeklokaasje, mar net yn alle regio’s diele ynwenners harren biblioteek mei likefolle oaren. Yn Gelderlân liket de maatskiplike rol it bêst te slagjen: dêr wurdt eltse lokaasje mei yn trochsneed 16.907 minsken dield. Yn Flevolân en Drinte hawwe biblioteken it lestiger, want by lokaasjes fan dy biblioteken kinne mear as 30.000 ynwenners mei in helpfraach delkomme.

Biblioteken hawwe hieltyd minder leden
Sûnt de iuwwiksel is it tal biblioteekleden yn Nederlân mei sa’n 20% ôfnommen. Net mear as fan in fearn fan de húshâldens is noch op syn minst ien gesinslid by in biblioteek oansletten. Dat persintaazje is yn Fryslân mei 26,8% heger as yn trochsneed. Yn ’e gemeente Eaststellingwerf leit it persintaazje it leechst (22%). Yn ’e gemeenten Skiermûntseach (30,5%), Tytsjerksteradiel (30,3%) en De Fryske Marren (30%) binne de measte húshâldens noch lid fan in biblioteek.

Abonnemint yn Fryslân kostet yn trochsneed € 51,40 
In basisabonnemint by in Fryske biblioteek kostet yn trochsneed € 51,40 jiers. Om te ferlykjen: in trochsneed abonnemint yn Nederlân kostet € 41,67 jiers. Leden binne dus relatyf djoer út. De hichte fan in lidmaatskip ferskilt yn Fryslân net sterk de regio. Leden fan de Biblioteek Mar en Fean binne it goedkeapst út en betelje € 50. De Biblioteek Drachten|Smellingerlân rekkenet mei € 53,50 it heechste taryf foar harren leden.

Mear ynformaasje is te finen op www.laudius.nl/onderzoek-bibliotheken-in-nederland-2022.

septimber 17, 2022 08:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.