Winner fan earste toeristyske resinsjekampanje bekend
Resint ferskynd
De winner fan de earste provinsjebrede resinsjekampanje foar ûndernimmers yn de toeristyske en rekreative sektor is tiisdei 13 septimber bekend makke. Dat wiene Wini Weidenaar en Jori Bottema fan Anne-Famkes Pleats ûnder Stiens. Hja wisten de measte ynternetresinsjes yn ’e perioade jannewaris oant septimber 2022 te sammeljen en hiene in stiging fan mar leafst 1000%.

F.l.n.r. Margreet Dröge, Jori Bottema en Wini Weidenaar (foto: ©André Minkema)
Snoozz Hotels en The Bakery Ljouwert wiene in goede twadde en tredde, mei respektyflik in groei fan 920% en 650%. By in feestlike útrikking waard de priis, besteande út in ûnderskieding, in bosk blommen en Fryske snobberijen yn in grafearre pot ûnder it geniet fan in burrel útrikt oan de winners. Hja binne tige grutsk op it resultaat: “Troch de kampanje binne wy ús folle bewuster wurden fan it belang fan resinsjes. It wurket as in besitekaartsje op potinsjele gasten en it hâldt ús dêrneist in spegel foar.”
De resinsjekampanje waard organisearre troch Merk Fryslân en TAF (Toerisme Alliânsje Fryslân), yn gearwurking mei de regio-oanjeiers fan VVV Wetterlân yn Fryslân, Stichting Toerisme Regionmarketing Súdeast-Fryslân, Stichting Regiomarketing Noardeast-Fryslân, Toeristysk Platfoarm Bestimming Noardwest en de Toerisme Alliânsje Fryslân. Mei de kampanje wolle dy de ûndernimmers wize op it belang fan resinsjes fan sawol harren eigen bedriuw as foar de sichtberens yn Fryslân as toeristyske bestimming. De dielnimmende ûndernimmers koene ûnder mear meidwaan oan masterlessen en giene praktysk oan ’e slach mei it garjen fan (mear) resinsjes. Sa waarden der ferskate middels ynset lykas foldermateriaal, ynternetkampanjes en QR-koades, om resinsjes te sammeljen. Dat dat suksesfol is, docht út sifers bliken: yn ’e perioade jannewaris – septimber groeide it tal resinsjes ûnder de hast twahûndert dielnimmers mei sa’n 7000. De dielnimmende bedriuwen hawwe mei-inoar goed 75.000 resinsjes.
Wini Weidenaar: “Dit jier wie ús iis- en teetún op Anne-Famkes Pleats foar it earst iepen en dan moatst earne begjinne mei dysels op ’e kaart te setten. Doe’t de training Resinsjes foar toeristyske ûndernimmers foarbykaam, liek my dat dan ek in goede start. Wy hawwe ús foaral op Google-reviews rjochte, mei’t de measte minsken fia Google navigearje en sykje. Dat hat in tûke set west! Wy hawwe ek gebrûk makke fan de struibrieven op mjitte, dy’t we fia de resinsjekampanje bestelle koene. Dy training hat my bot holpen om in goede start as toeristysk ûndernimmer te meitsjen. Nettsjinsteande myn eftergrûn yn ’e kommunikaasje haw ik in protte leard en goede hânfetten krige.”
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje