Warnsbetinking oer de takomst fan it buorkjen
Resint ferskynd
Ferslach fan Jehannes Elzinga
Ofsjoen fan de ‘Wylde Warnsbetinking’ fan de Jongfryske Mienskip yn 2021 hie juster foar de earste kear sûnt de koroanatichtplicht wer de offisjele betinking fan de Slach by Warns yn 1345 plak op it Reaklif. It wie de fiifensantichste edysje. Der waard min waar foarsjoen troch it KNMI, mar de waargoaden hiene it goed mei de Slach foar en it sintsje lake ús de hiele tiid oan. Dat it folk, dat yn swider mannichte opsetten kommen wie as yn jierren hjirfoar, soe dêr gjin spyt fan krije. Ik haw se net teld mar der wiene grif inkelde hûnderten minsken oanwêzich, mei te tankjen oan it spirituele Frysk en Frij Festival (FrijSia) dat los fan de Slach Betinking dit wykein plakfûn yn in tinte op it klif. It festival wie in inisjatyf fan muzikant Bruno Rummler, tagelyk ek bestjoerslid fan de Warns Stifting. Der wiene njonken de grize koppen fan de tradisjonele efterban in protte nije gesichten by de Betinking, wat hope jout foar de takomst. Lang om let liket de ferjonging en fernijing fan de Betinking op stoom te kommen. “Wy besykje in nije wyn waaie te litten” neffens Rummler, “wy moatte besykje om út ús eigen bubble te kommen.”
Njonken de wenstige programmapunten as it hisen fan de Fryske flagge en it mienskiplik sjongen fan inkelde lieten lykas it Flaggeliet, lies Sigrid Kingma (notiidsk Dichter fan Fryslân) gedichten foar en song Syb van der Ploeg, njonken syn tophits Eltse Grins Foarby en In Nije Dei, in spesjaal foar it deitema komponearre liet ‘Jou it troch‘.
It ynhâldlik programma stie diskear yn it teken fan de lânbou, ien fan de pylders fan de Fryske ekonomy.
Albert van der Ploeg, natuerynklusyf boer en foarsitter fan Nasjonaal Lânskip Noardlike Fryske Wâlden hold in ynspirearjende lêzing oer it buorkjen yn de takomst. Fansels in hiel aktueel ûnderwerp dêr’t de media bol fan steane en de oerheid mei wrakselet. Van der Ploeg frege him ôf oft wy it iten oan de merk oerlitte moatte. Hy tinkt fan net, want dat liedt allinnich mar ta noch yntensivere lânbou, massaproduksje en megastâlen, mei alle neidielen dy’t dêroan ferbûn binne. We moatte ta op “grûnbûne” lânbou ta heil fan de natuer en de sûnens fan de grûn. Oerheidsstipe moat net rjochte wêze op grûnbesit en produksje, mar op it ynkommen fan de boer. As yn de takomst nocht en wille fan it buorkjen mar bestean bliuwe!
Besjoch hjir in gearfetting fan de lêzing fan Van de Ploeg yn de foarm fan in presintaasje:
De boer fan de takomst Warns 24092022
Ta beslút waard it Frysk Folksliet songen en de flagge strutsen. Nei ôfrin fan de betinking wie der in foarumdiskusje oer de takomst fan de lânbou mei Albert van der Ploeg en in stikmannich boeren. Dêr letter mear oer.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje