Warnsbetinking foar de 75ste kear

septimber 12, 2022 11:35

De 75e Warnsbetinking op it Reaklif sil dit jier op 24 septimber holden wurde. Dy begjint lykas altyd om 13.45 oere.

Albert van der Ploeg sil in taspraak hâlde oer buorkjen yn de takomst. Syb van der Ploeg sil in tal lieten sjonge, Sigrid Kingma, Dichteres fan Fryslân, draacht har eigen gedichten foar en it muzykkorps De Lytse Súdwesthoeke wikselet ien oar ôf.

Nei de betinking by de stien is it neipetear mei in foarumdiskusje op it terrein fan de stifting yn in tinte efter it monumint. Dêr is ek kofje, tee en fris. (Graach betelje mei lytsjild.) Op it terrein stiet ek in húskewein.

septimber 12, 2022 11:35
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.