Waarpraatsje: Wiete sneon

septimber 30, 2022 17:56

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie in hiel kreaze freed, mar de wyn boaze geandewei de dei wol flink oan. It wykein sjocht der hjerstich út. Sneon wurdt in wiete dei.

Yn ’e rin fan freedtejûn set it op in reinen en der stiet in soad wyn. Freedtenacht reint it hast oeral en it wurdt in graad of 11. De sudewyn is matich oant frij krêftich, by de kust lâns en boppe de Iselmar krêftich oant hurd, miskien efkes stoarmich, mei kâns op swiere wynpûsten. Letter yn ‘e nacht jout de wyn him wat del en rommet er nei it súdwesten.

Sneon kin it earst noch wat reine, letter falle der buien, miskien wol mei tonger, mar de sinne skynt sa út en troch ek. De súdweste- oant westewyn is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich oant krêftich. It wurdt 15 graden.

It waar foar snein sjocht der better út. It bliuwt, nei alle gedachten, net hielendal drûch, mar de sinne is der sa út en troch by en mei 16 as 17 graden is it ek wat mylder. De matige wyn komt út it westen.

Nije wike moandei en tiisdei bliuwt it drûch en it sil noch wat mylder wurde.

Jan Brinksma

septimber 30, 2022 17:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.