Waarpraatsje: Wer kans op damp

septimber 29, 2022 19:46

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie tongersdei earst skier, mar letter kaam de sinne der ek by en it bleau op in soad plakken drûch. Freed oerdei is it ek drûch.

Tongersdeitenacht sil it frij helder wêze en op guon plakken kin damp ûntstean, mar by de kust lâns bliuwt de kâns op in bui bestean. By hast gjin wyn wurdt it mear de provinsje yn in graad of 3 en by de Iselmar en de Waadkust lâns 7 graden.

Freed kin it earst wer dampich wêze, mar letter skynt de sinne geregeld. De wyn komt út it suden oant súdwesten en is swak oant matich, mar boazet boppe de Iselmar en by de kust lâns geandewei oan en wurdt dêr frij krêftich oant krêftich. It sil 15 graden wurde.

It waar foar it wykein sjocht der min út. It is dan rûzich en wiet.

Jan Brinksma

septimber 29, 2022 19:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.