Waarpraatsje: Tongersdei hast drûch

septimber 28, 2022 18:04

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie woansdei yn Fryslân foar it grutste part in kreaze dei, mar der foelen rûnom yn ’e provinsje noch wol in pear buien. Der wiene hiel moaie loften te sjen. Tongersdei bliuwt it, sa goed as, drûch.

Woansdeitenacht kin der by de kust lâns noch in bui falle, mar op oare plakken is der kâns op damp. By hast gjin wyn wurdt it mei 2 graden in kâlde nacht.

Tongersdei kin it mear de provinsje yn earst noch dampich wêze en by de kust lâns soe noch in bui falle kinne. Letter op ’e dei wikselje bewolking en sinne inoar ôf en der is noch hieltyd kâns op in bui. Der stiet net in soad wyn, mar yn ’e rin fan de dei boazet de wyn by de kust lâns wat oan. It wurdt 14 graden.

Fan freed ôf sil it wat mylder wurde.

Jan Brinksma

septimber 28, 2022 18:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.