Waarpraatsje: Rêstich neisimmerwaar

septimber 21, 2022 19:24

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in kâlde nacht waard it woansdei in hiel moaie dei en it waar foar tongersdei sjocht der ek goed út.

Woansdeitenacht is it helder en op guon plakken kin damp ûntstean. By hast gjin wyn wurdt it yn it easten en noardeasten fan Fryslân 4 graden, mar yn in brede stripe by de kust lâns sil it in graad of 8 wêze.

Tongersdei kin it earst noch dampich wêze, mar letter skynt de sinne geregeld. It wurdt mei 17 graden in noflike neisimmerdei. De swakke oant matige wyn komt út it suden.

Freed is der mear bewolking. It bliuwt noch wol, sa goed as, drûch.

Jan Brinksma

septimber 21, 2022 19:24
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.