Waarpraatsje: Pear drûge dagen

septimber 19, 2022 19:18

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie moandei al in hiel stik better waar as yn it wykein, mar it bleau noch net oeral drûch. Fan tiisdei ôf sil it in pear dagen wol, sa goed as, drûch bliuwe.

Moandeitenacht soe der op guon plakken noch in bui falle kinne. Boppe it fêstelân stiet net in soad wyn, mar by de kust lâns waait in matige oant frij krêftige noardwestewyn. It sil 8 graden wurde.

Tiisdei wikselje sinne en bewolking inoar ôf en in bui is noch net hielendal útsletten. By in swakke, by de kust lâns matige, noardwestewyn wurdt it 16 graden.

Fan woansdei ôf wurdt it in bytsje waamer.

Jan Brinksma

septimber 19, 2022 19:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.