Waarpraatsje: Oan ’e kâlde kant

septimber 27, 2022 18:24

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It is wiet, skier en oan ’e kâlde kant en dat bliuwt it foarearst ek. Woansdei falle der wer buien.

Tiisdeitenacht falt it mei de buien yn Fryslân, nei alle gedachten, wol wat ta. Op guon plakken soe wat damp ûntstean kinne. Der is net in soad wyn, mar by de kust stiet in matige westewyn. Mei in graad of 4 wurdt it in frisse nacht.

Woansdei wikselje wat sinne en bewolking inoar ôf en der falle in pear buien, miskien wol mei tonger. De wyn komt út it westen en is swak, by de kust lâns matich. It wurdt net folle waarmer as 14 graden.

Tongersdei en freed sil it wat minder wiet wêze.

Jan Brinksma

septimber 27, 2022 18:24
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.