Waarpraatsje: Kâlde nachten

septimber 20, 2022 18:09

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie tiisdei rêstich waar, mar wol oan ’e skiere kant. Woansdei komt de sinne der, nei alle gedachten, better by.

Tiisdeitenacht binne der opklearringen en op guon plakken kin damp ûntstean. By hast gjin wyn wurdt it mear it fêstelân yn 4 graden, mar by de kust lâns in graad of 9.

Woansdei soe it earst noch dampich wêze kinne, mar letter sjogge wy de sinne ek. Wat de wyn oanbelanget wurdt it in hiel rêstige dei. De temperatuer leit om de 16 graden hinne.

Tongersdei en freed bliuwt it ek drûch en it wurdt noch wat mylder.

Jan Brinksma

septimber 20, 2022 18:09
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.