Waarpraatsje: Hjerstich wykein

septimber 16, 2022 19:28

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It foel freed yn Fryslân mei de buien noch wol ta. Pas letter op ’e dei waard it waar wat minder. Der stie de hiele dei wol in stûfe wyn. It wykein sjocht der hjerstich út.

Freedtenacht falle der buien mei swiere wynpûsten en miskien ek wol tonger. De noardwestewyn is matich, mar by de kust lâns krêftich oant hurd en de temperatuer leit tusken 10 en 13 graden.

Sneon falle der ek buien, miskien wol mei tonger. Yn buien binne der wynpûsten. It wurdt in rûzige sneon mei in matige oant frij krêftige weste- oant noardwestewyn, by de kust lâns krêftich oant hurd. It wurdt net waarmer as 16 graden.

Snein feroaret der net in soad oan it waar. De noardwestewyn jout him stadichoan in bytsje del, mar it is mei 15 graden wer in hiel frisse dei. De kâns op in pear buien bliuwt.

Takomme wike knapt it waar wat op.

Jan Brinksma

septimber 16, 2022 19:28
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.