Waarpraatsje: Hjerstich

septimber 15, 2022 18:00 Fernijd

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It is foarearst dien mei it rêstige en noflike waar. Wy krije in pear hjerstige dagen.

Tongersdeitenacht falle der buien. De wyn komt út it westen oant noardwesten en is swak oant matich, by de kust lâns frij krêftich oant krêftich. De temperatuer leit tusken 10 en 14 graxden.

Freed kinne der flinke buien falle, miskien wol mei tonger. De weste- oant noardwestewyn is matich oant frij krêftich, by de kust lâns krêftich oant hurd. Yn buien is der kâns op swiere wynpûsten. Mei 16 graden sil it in frisse dei wurde.

Yn it wykein sjocht it waar der ek hiel hjerstich út.

Jan Brinksma

septimber 15, 2022 18:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.