Waarpraatsje: Hjerst

septimber 26, 2022 19:05

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in wiete moandei krije wy ek in minne tiisdei. Koartsein; it is hjerst.

Moandeitejûn en -nacht falle der buien, miskien wol mei tonger en heil. De wyn komt út it westen en is swak oant matich, mar by de kust lâns stiet in krêftige noardwestewyn. It wurdt 9 graden.

Tiisdei falle der rûnom yn Fryslân wer buien mei in lytse kâns op heil of tonger. De westewyn is swak oant matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar earst noch frij krêftich. Mei 12 graden is it skrousk.

De oare dagen fan dizze wike bliuwt it ûnstabyl.

Jan Brinksma

septimber 26, 2022 19:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.