Waarpraatsje: Frisser

septimber 13, 2022 19:28

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie tiisdei in noflike dei en woansdei liket it waar der foar Fryslân ek wol goed út te sjen. Yn oare parten fan Nederlân sil it in skoft reine.

Tiisdeitenacht wikselje bewolking en wat opklearringen inoar ôf. It bliuwt drûch en der stiet hast gjin wyn. It wurdt 10 oant 14 graden.

Woansdei liket it yn Fryslân drûch te bliuwen en de sinne lit him sa út en troch ek sjen. Der is net in soad wyn, mar letter op ’e dei boazet de wyn yn it Waadgebiet út it westen wei oan en wurdt er matich. It sil krapoan 20 graden wurde.

De oare dagen fan dizze wike helje wy de 20 graden net mear.

Jan Brinksma

septimber 13, 2022 19:28
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.