Waarpraatsje: Foarearst gjin 20 graden mear

septimber 14, 2022 19:21

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie woansdei yn Fryslân in hiel kreaze dei, wylst it yn it suden lang reind hat. Waarm neisimmerwaar is foarearst net mear oan ’e oarder.

Woansdeitenacht soe der in buike falle kinne. Der stiet net in soad wyn en it wurdt in graad of 13. By de noardlike kust lâns waait in krêftige noardwestewyn.

Tongersdei is it oan ’e skiere kant en der falle in pear buien. De wyn komt út it noardwesten en is matich, mar by de noardlike kust lâns stiet wat mear wyn. It wurdt net folle waarmer as 18 graden.

Nei tongersdei bliuwt it ritich en fris.

Jan Brinksma

septimber 14, 2022 19:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.