Waarpraatsje: Fan woansdei ôf kâlder

septimber 12, 2022 19:27

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie moandei noch in moaie neisimmerdei, mar letter yn ’e wike feroaret it waar. It wurdt in hiel stik frisser.

Moandeitenacht is de loft berûn en it kin sa út en troch wat reine. Der stiet net in soad wyn, mar by de noardlike kust lâns waait in matige oant frij krêftige wyn út it sudwesten oant westen. Mei 15 graden is it in mylde nacht.

Tiisdei kin it earst noch skier wêze, mar letter skynt de sinne geregeld. By in matige noardwestewyn wurdt it 21 graden.

Fan woansdei ôf sil de temperatuer de 20 graden net mear helje.

Jan Brinksma

septimber 12, 2022 19:27
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.