Waarpraatsje: Bytiden rein
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
It wie hjoed in skiere dei. Jûn is der ek in protte bewolking en it reint sa no en dan. De wyn is swak oant matich en komt út it suden.
Fannacht reint it bytiden ek. De temperatuer sakket oant sa’n 11°C. Der is net folle wyn.
Moarn krije we itselde waar. Middeis letter wurdt it drûger en kin faaks de sinne noch efkes trochbrekke. It sil net folle waarmer as 15°C. wurde. De noardeastlike wyn is swak oant matich.
Foar snein sjocht it der wat better út.
Waarnimmer
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje